Tarieding proses tsjin Wulff
moandei 23 jannewaris 2012HANNOVER – De sosjaal-demokratyske SPD yn de Dútske dielsteat Nedersaksen wol it eartiidske regear fan Christian Wullf ferkleie. Oanlieding foarmje beskuldigings fan regearingswurdfierder Olaf Glaeseker troch it tydskrift Der Spiegel. Dat beskuldiget Glaeseker derfan dat er yn 2009 meiwurke hat oan it winnen fan sponsors foar in kongres, wylst it regear de Nedersaksyske lândei meidield hie dat de oerheid gjin jild en tiid yn it kongres stutsen hie. De SPD tilt tige swier oan it falsk foarljochtsjen fan it parlemint.
Wulff, politikus fan de kristen-demokratyske CDU, is sûnt 2010 presidint fan Dútslân. Fan 2003 oant 2010 wie er minister-presidint fan Nedersaksen. De krityk op him wurdt de lêste moannen hieltiten fûler. Wulff wurdt der ûnder oaren fan beskuldige dat er op ûnkreaze wize in priveeliening foar syn hûs regele hat en dat er Dútske sjoernalisten yntimidearre hat dy’t dêr wat oer skriuwe woene.
(Foto: Wikipedia / Polski Niemiec)
Ek sjen:
- Belizzers easkje 1,8 miljard fan Wulff FRANKFURT – De Dútske presidint Christian Wulff kriget it hieltiten...
- Wulff stapt op (update) BERLYN – De Dútske presidint Christian Wulff nimt hjoed dien....
- Opskuor om Noard-Frysk wykein Christian Wulff It reint de lêste moannen beskuldigings tsjin de Dútske presidint...
- Wulff nije Dútske presidint BERLYN – De Nedersaksyske premier Christian Wulff (foto) wurdt de...
- Egypte plent proses en ûntslacht ministers KAIRO – De Egyptyske âld-presidint Hosny Moebarak wurdt nei alle...








