Toanielstik oer Anders Behring Breivik

tongersdei 19 jannewaris 2012

Anders Behring Breivik

KOPENHAGEN – De Deenske teatermakker Christian Lollike is dwaande mei in toanielstik oer de Noarske terrorismefertochte Anders Behring Breivik. Breivik wurdt fertocht fan twa oanslaggen yn Noarwegen ôfrûne july. De neibesteanden binne min te sprekken oer it toanielstik, dat as titel Manifesto 2083 krije moat. De rol fan Breivik wurdt yn it stik spile troch akteur Olaf Højgaard. It stik draait om it manifest dat Breivik skreaun hat en dêr’t er syn ideeën yn beskriuwt. Lollike seit dat er besykje wol om Breivik te begripen om sa foar te kommen dat oaren soartgelikense terreurdieden begeane.

Manifesto 2083 giet op 23 augustus yn Kopenhagen yn premiêre.

Klik hjir foar ús nijsdossier oer de Noarske terreur.

Ek sjen:

  1. Finzenisdokters: Breivik wol tarekkenber OSLO – Grouwelmisdiedfertochte Anders Behring Breivik is wis wol tarekkenber....
  2. Psyche Breivik fannijs op ‘e souwe OSLO – De Noarske terreurfertochte Anders Behring Breivik moat fannijs...
  3. Ingelân siket learmaster Anders Breivik LONDEN – De Britske plysje is drok op ‘e siik...
  4. Boek fan Noarske moardner Anders Breivik OSLO – Anders Behring Breivik, de wierskynlike dieder fan de...
  5. Anders Breivik bekent sjitterij OSLO – De fertochte fan de sjitterij op it eilân...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic