Evakuaasje: Grinslanners eangje dyktrochbraak
tongersdei 5 jannewaris 2012TOLBERT – De polder Tolberter Petten noardlik fan de Like, in pear kilometer oer de Frysk-Grinslanner grins, wurdt ûntromme. De dyk om de polder driget troch te brekken. Sa’n fjirtich hûzen binne faai, wêrûnder tsien boerepleatsen. Der wenje likernôch hûndert minsken yn ‘e polder. Yn it gebiet binne ek twa gaswinningslokaasjes fan de NAM. Dy binne sletten. De plysje hat it gebiet ôfsletten foar bûtensteanders. It leger stiet paraat om help te bieden, mocht de dyk it net hâlde.
In eintsje noardliker, yn it Lauwersmargebiet, spylje bisten manmachtich de wyk. Foksen, hazzen, kninen, reeën, Skotske Heechlanners en hynders ferlitte it leechlizzende gebiet dat splis stiet en sykje ûntwyk op hegere grûnen. By it definsje-oefenterrein by De Marne is in needdyk oanlein.
Ek sjen:
- Grinslanners wer nei hûs, fee noch net GRINS – De ynwenners fan it evakuearre gebiet oan it...
- Dyktrochbraak yn Sina PEKING – Mear as fyftichtûzen Sinezen moasten hjoed hurd de...
- Evakuaasje Klein Zwitserland, pier splis De tagongsdiken nei camping Klein Zwitserland oan de Burgumermar binne...
- Dyktrochbraak op De Burd by Grou GROU – Op it eilân De Burd by Grou is...
- Grjinten stjerre op Skotske kust KYLE OF DURNESS – Op syn minst tweintich dolfinen binne...








