Toskedoktertoerisme yn Noard-Fryslân
moandei 9 jannewaris 2012
LEEK – Toerisme is der yn allegear soarten: fakânsjetoerisme, kultuertoerisme, ramptoerisme … en toskedoktertoerisme. In toskedokter yn Noard-Fryslân fertsjinnet in moai stik brea troch Denen dy’t de grins oerstekke om by him yn ‘e stoel te sitten.
Wa’t yn Denemarken yn in wykein pinemûle kriget, hat in grut probleem. Deenske toskedokters wurkje nammentlik net op sneon en snein, sels net yn needgefallen. Op ‘e Deenske fêstewâl binne mar twa needtoskedokters dy’t yn ‘e wykeinen iepen binne. Yn Dútslân is dat hiel oars. Yn hast alle stêden en gruttere doarpen is wol in needtoskedokter dy’t yn ‘e wykeinen wurket.
Toskedokter Kai Grantzau út it Noard-Fryske Leek (Leck) hat wykeins mear Deenske as Dútske pasjinten. Hja komme út it suden fan Denemarken en binne folle flugger yn syn praktyk, sa’n 40 kilometer súdlik fan ‘e grins, as by de neiste Deenske toskedokter, mear as twahûndert kilometer nei it noarden ta. Ynearsten wiene syn pasjinten benammen minsken mei akute klachten, mar hjoed de dei binne it ek faak Deenske frachtweinsjauffeurs dy’t troch de wike min in ôfspraak meitsje kinne. Grantzau is populêr, om’t er fan Deensk komôf is en flot Deensk praat. Hy hat sels in Deensktalige webside makke om minsken mei pinemûle op it bestean fan syn praktyk te wizen.
Hoewol’t Grantzau de wykeinpasjinten in navenant hege rekken útskriuwt, binne se by him noch altyd folle minder kwyt as yn Denemarken. De pear Deenske toskedokters dy’t yn in wykein wurkje, freegje boppe op ‘e gewoane rekken nammentlik in wykeintaslach dy’t oprinne kin ta 154 euro. Dêr komme de reiskosten dan noch by.

Kai Grantzau
Ek sjen:
- Trijetalige kaart fan Noard-Fryslân BRÄIST – It Nordfriisk Instituut hat in nije plattegrûn fan...
- David Crystal yn Noard-Fryslân RISEM-LOONHAM – David Crystal, ien fan de bekendste Britske taalûndersikers,...
- Ynfal by provinsje Noard-Fryslân HÜSEM – om 8.20 oere gong ôfrûne woansdei de bel...
- Denen lilk om taalbelied Kiel KIEL – Denemarken is lilk op it regear fan Sleeswyk-Holstein....
- Nederlân moat Denemarken beskermje Nederlânske, Dútske en Noarske gefjochtsfleantugen moatte it Deenske loftrom beskermje....








