Undersikers meitsje grutkopeamelders
moandei 9 jannewaris 2012
Lofts in sljochtweihinne eamelder, rjochts in grutkopeamelder.
MONTREAL – Wittenskippers fan de Kanadeeske McGill-universiteit hawwe eamelders in hormoanbehanneling jûn, wêrtroch’t se in ûnbidige kop krije. Troch de hormoanen binne de bistjes al gâns grutter as oare eamelders, mar de koppen wurde grutter as de rest fan it lichem.
De grutkopeamelders komme yn it wyld ek foar, mar se binne dêr tige seldsum. Gewoane eamelders kinne it bûtenwenstige uterlik krije troch in beskaat hormoan, mar de measte eamelders meitsje dat hormoan net oan. Neffens ûndersiker Rajendran Rajakumar kaam it hormoan miljoenen jierren lyn noch wol foar, mar is it fermogen om it oan te meitsjen stadich ferdwûn, mei as gefolch dat eamelders tsjintwurdich in folle freonliker uterlik hawwe as harren foarâlden. De grutkopgenen binne lykwols noch hieltyd te aktivearjen troch it hormoan.
Troch grutkopeamelders yn ‘e natoer te bestudearjen binne ûndersikers derefter kommen dat dy in nuttige taak hawwe foar de koloanje dêr’t se yn libje. Se kinne mei de grutte kop nammentlik de yngongen fan it nêst ôfslute, sadat fijannige eamelders der net yn kinne. Boppedat binne se folle sterker en kinne se as in foege skylwachter oanfallers by de yngong fan it nêst tsjinhâlde.
In ferslach fan ‘e hormoanbehanneling is ferskynd yn it tydskrift Science. Klik hjir foar in gearfetting.
Ek sjen:
- Undersikers meitsje nij libben ROCKVILLE – God kriget konkurrinsje. It is de Amerikaanske ûndersikers...
- Oaljefanten bang fan eamelders Net mûzen mar eamelders meitsje oaljefanten deabenaud. Eamelders kinne yn...
- Wittenskippers meitsje ien aap út twa BEAVERTON – Amerikaanske wittenskippers hawwe sellen út twa ape-embryo’s kombinearre....
- De deadsoere fan de sombyeamelder UNIVERSITY PARK – De skimmel Ophiocordyceps krûpt yn de kop...
- Eamelders yn ‘e earen TAIPEI – In sechstjinjierrich famke út Taiwan hie al moannenlang...








