Út wei en uit weg
tiisdei 24 jannewaris 2012Boarne-oantsjutting yn it Fryske lânskip
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ‘t skouder, foarjiersdronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Binne dat net moaie dichtrigels?
Jawis, sizze jim, dat hat Obe Postma knap opskreaun, want jim kenne jim Fryske klassiken.
Set no de earste rigel ris letterlik, wurd foar wurd, yn it Hollânsk oer. Dan kriget men dit:
Jonge kerels komen zingende de buitendijkse weilanden uit weg.
Dy Hollânske sin kin fansels hielendal net. Miskien soene wy it no yn it Frysk ek net mear sa sizze, mar wy begripe it al en it heart moai. Al wer in ferskil tusken it Hollânsk en it Frysk! En dat ferskil sit him yn it brûken fan út wei. Noch wat mear foarbylden:
Jiks sjocht de kant fan ‘e see út wei in ploech manlju oankommen
Jiks ziet de kant van de zee uit weg een ploeg mannen aankomen
(út Janneke Spoelstra, in Jikselibben)
Bonifacius is it suden út wei kommen mei syn gefolch
Bonifatius is het zuiden uit weg gekomen met zijn gevolg
(optekene troch Jurjen van der Kooi)
Donia? Efter Dokkum út wei? Jo binne dochs dy man dy’t nei Ynje ta west hat?
Donia? Achter Dokkum uit weg? U bent toch die man die naar Indië geweest is?
(út Nyckle Haisma, Peke Donia)
It bysûndere oan dy sinnen is dat de wurdgroep út wei as boarne ofwol fertrekpunt brûkt wurdt. Tsjintwurdich soene wy net mear sizze:
it suden út wei
mar:
út it suden wei (kreas Hollânsk: vanuit het zuiden)
Alsa hat it Frysk foar boarne-oantsjutting yn it Fryske lânskip syn eigen wize fan sizzen. Jarich Hoekstra hat it allegear útsocht yn in wittenskiplik artikel, dat te finen is yn Us Wurk (2011:158 en fierder), it blêd fan it Frysk Ynstitút te Grins.
Eric Hoekstra, Fryske Akademy
Ek sjen:
- WordPress beskikber yn it Frysk De Ried fan de Fryske Beweging en ForSite Media hawwe...
- Sûnenssoarch: bryk Frysk? Fryske wurden op -ens kin men net langer meitsje. Dus...
- Bernlef jout Fryske les Ynkoarten sil de Fryske Les by Bernlef wer fan start...
- Mear eigen lieten Frysk Lieteboek It nije Frysk Lieteboek moat mear eigen Fryske lieten krije....
- Te Frysk? Tsjutte, oantsjutte, betsjutte ensfh. hawwe yn it Hollânsk fansels de...









mbc84
25 jannewaris 2012 19:25
Eric, hie de earste sin ek: Jonge kearels komme sjongendeWEI de himmen út? Sa soe ik it alteast sizze.
In konstruksje lykas “smyt it mar ta it rút/de doar út” heart hjir ek by, net?
De sinnen fan Obe Postma binne prachtich, hjir moat ik mar mear fan lêze
Eric
26 jannewaris 2012 10:23
Nee, dat heart wol nuver, “jonge kearels komme sjongendewei de himmen út”. Dan wurdt it: “jonge kearels komme sjongendewei út ‘e himmen weirinnen”, wat net sa poëtysk is troch dy 2x WEI. Eins ek wol nuver dat KOMME hjir in oanfolling mei RINNEN nedich liket te wêzen. Ast seist “se rinne de himmen út” dan is “de himmen út” in doeloantsjutting. Mar ast seist “se rinne de himmen út wei” dan is “de himmen út wei” in boarne-oantsjutting. In konstruksje as “smyt it ta it rút út” is in doeloantsjutting. Tsjong, yngewikkeld ús Fryske taal, elk wurdsje kin al in wrâld fan ferskil meitsje. Mar OBE POSTMA, dat is moai.
Mear lêze:
http://www.obepostma.nl/index.php?option=com_content&view=article&id=83%3As169-peaskemoandei-1927&catid=15%3Afers-foar-fers&Itemid=7&lang=fy
en
http://www.obepostma.nl/index.php?option=com_content&view=category&id=15&Itemid=7&lang=fy
Hooplik komme de links goed oer, oars plakke en knippe yn browser at se net opljochtsje yn dit kommentaar.
mbc84
26 jannewaris 2012 12:57
Tige tank foar de keplings! It ferskil tusken boarne-oantsjutting en doeloantsjutting is mei net folslein dúdlik, teminsten gefoelsmjittich. De teöry, dêr kin ik ynkomme, mar gefoelsmjittich fielt it net goed oan.
Sa’tsto al yn dyn stik sels seidest, hjoeddedei wurdt soks eins net mear sein yn ‘t Frysk.. Ik soe it sa nea sein hawwe, en myn Frysk is frij goed ferlike mei in trochsneed Fries…. Afin, it dichtwurk fan Obe kin my faaks wer wat helpe moaie Fryske wurden en sinnen kennen te learen