Von Hagens syn likekeunst yn Amsterdam
moandei 23 jannewaris 2012
AMSTERDAM – Mear as 34 miljoen minsken hawwe de ‘plastinearre’ liken fan de Dútske keunstner Gunther von Hagens al sjoen. Under de name Körperwelten of Body Worlds wiene de artistyk iepensnijde en bewurke omskotten te sjen. Troch de plastinaasjetechnyk, dy’t alle lichemsfochten troch keunststof ferfangt, wurde de lichems hurd en duorsum.
No is Amsterdam oan bar om Von Hagens syn liken te ûntfangen. De útstalling lit mear as twahûndert lichems sjen, dy’t in yndruk jouwe fan bygelyks hert en ieren, it brein en de spieren, mar dy’t somtiden ek yn nuvere hâldings delset binne om it artistike effekt. De útstalling is oan 22 april ta te besjen yn ‘e EXPO Zuidas yn ‘e Nederlânske haadstêd.
Klik hjir foar fierdere ynformaasje.
Ek sjen:
- Bisteshow fan Gunther von Hagens FRANKFURT – Gunther von Hagens, de man dy’t wrâldferneamd wurden...
- Körperwelten yn Berlyn BERLYN – Yn Berlyn is fan hjoed ôf in folslein...
- Joetsende liken yn Rotterdam ROTTERDAM – De Dútske keunstner Gunther von Hagen is mei...
- Amsterdam docht it oars AMSTERDAM – Amsterdam hat sûnt hjoed mar sân stedsdielen mear....
- Ferpofamtners ek yn Amsterdam AMSTERDAM – Oars as Amsterdam yn 2007 noch te witten...








