Wat is it moaiste nije wurd op It Nijs?
sneon 21 jannewaris 2012
It Nijs is it earste webstee dat alle dagen wrâldnijs yn it Frysk bringt. As pionier moat It Nijs soms nije wurden brûke foar saken dêr’t net faak yn it Frysk oer skreaun is. Soms binne dy wurden yn in (wurd)boek te finen, soms krije wy stipe fan in taaladviseur en soms moatte wy sels wat betinke. Allegear binne it neologismen. Hokker fan dy neologismen fine jo it moaist? Suggestjes foar oare wurden binne fansels tige wolkom yn de kommentaren.
frijerfeint (loverboy)
ferpofamtner (weigerambtenaar)
grutkopeamelders (monstermieren)
bommerommer (EOD’er)
nútsrâne (eikelkrans)
wrâlderfskip (werelderfgoed)
sliepjoetse (slaapseks bedrijven)
berneknoeierij (kindermisbruik)
homoswijplicht (“don’t ask, don’t tell”-beleid)
kofferketiisdei (prinsjesdag)
De stimming is dien. Sjoch hjir.
Ek sjen:
- Moaiste wurd op It Nijs: ferpofamtner Ferline wike sneon fregen wy de lêzers fan It Nijs...
- Moaiste nije Hollânske wurd: wildbreien LEIEN – It favorite nije wurd yn de Nederlânske taal...
- It nije Google jout mear nijs Wa’t faak mei Google op ynternet siket, sil fernimme dat...
- Wedstryd: betink it moaiste gévisme GRINS - Nei de syktocht nei it moaiste en it langste...
- Nije Fryske wurden Oersetwedstriid yn it ramt fan de Europeeske dei fan de...









mbc84
21 jannewaris 2012 22:46
“ferpofamtner”. Earst lies ik der wat frjemd tsjinoan, mar doe’t ik it yn ‘e gaten hie, fûn ik ‘m prachtich! Ik fyn “ferpofamtner” eins noch wat sterker as “weigerambtenaar”. Dêrom ek moaier, want sokken dy’t homo’s net trouwe wol, sokken ferpoffe it om’t hja miene dat hja boppen de wet steane. “Wegerje” is wat neutraler..
Anonym
21 jannewaris 2012 23:02
Omrop Fryslân brûkt it ek: http://www.youtube.com/watch?v=MLaZLbJHQ9A
Nijsgjirrich dat sokke wurden oernaam wurde.
mbc84
21 jannewaris 2012 23:10
huh, ik haw it hiele wurd “ferpofamtner” net heard… it wurdt allinnich brûkt yn ‘e titel, fierders net…
Ferjo
21 jannewaris 2012 23:30
ferpofamtners, at je wolle, soene der net wêze meie, as amtner ha jo de wetten en regels út te fieren. Wat dyn persoanlike gefoelens ek wêze meie.
As plysje amtner kinst lykwols ek net kieze hokker wetten ast wol of net útfierest.
Cees
22 jannewaris 2012 01:24
@Ferjo: der steane ek noch wol oare lju by dy’t der eigentlik net wêze moasten. De frijerfeint is in smearlap en bernknoeiers ek. Fernimst oan dizze wurden wol dat it nijs gauris oer minder noflike ûnderwerpen giet.
Jehannus
22 jannewaris 2012 12:58
it giet om it wurd net om hoe je noch efkes eikelje kinne.
ids talen
22 jannewaris 2012 14:34
KOFFERKETIISDEI !!! Dat is in wurd dêr’t in unyke kante oan sit, lykas de fryske taal sels. En boppedat sit der ek nochris in grappige kante oan. Koartsein: In unyk Frysk wurd mei humor!!!
Ferjo
22 jannewaris 2012 18:40
@Kees, ik sjoch wol nei it NOS sjoernaal hear, hjirre wol ik it mar by litte.
Thea
23 jannewaris 2012 01:55
Bommerommer, om’t it sa moai heart.
De Smid
23 jannewaris 2012 08:17
It falt my op dat it in heech donder-del-doekje-gehalte hat, dy nije wurden. En de wurdkar by it oersetten fan Nederlânske wurden liket ek wolris ynspirearre te wêzen troch ‘geen-stijl-achtige’ foarbylden.
Nijmakke Frysk « Frysk Deiblôch
23 jannewaris 2012 23:47
[...] wurden. De bjusterboartlike taalbazen fan de Fryske nijsside It Nijs binne mei in ferkiezing fan harren eigen (!) bêste nije wurd kaam. De Dútsers ferkeazen ferline wike it slimste nije Dútske wurd (it Unwort des Jahres). En [...]
It Nijs: stem op het beste Friese nieuwe woord (neologisme) « Tekstbureau Teksttalenten
24 jannewaris 2012 10:00
[...] De Friese nieuwssite It Nijs heeft de afgelopen jaren heel wat nieuwe woorden moeten verzinnen om het wereldnieuws in het Fries weer te geven. Welk neologisme vindt u het mooist? U kunt stemmen op http://itnijs.nl/2012/01/wat-is-it-moaiste-nije-wurd-op-it-nijs/ [...]
Jehannes Elzinga
24 jannewaris 2012 12:27
Ik haw ferpofqamtner keazen. In mnoai nij wurd liket my ek: snippersnapke foar “snack” nei analogy mei hipperhapke (foar ynsktenhapke).
Grytsje Kingma
24 jannewaris 2012 12:45
Ik woe oars it ûnthâldstokje (memorystick) der ek noch wol by hawwe.
Myconius
24 jannewaris 2012 15:01
Bommerommer vind ik het mooist.
Kofferketiisdei vind ik niets; te vergezocht voor een term die al 400 jaar bestaat en al even lang een Friese versie kent; prinsjesdei
wirbel
25 jannewaris 2012 19:33
By sommige fryske wurden kinne we miskyn ek sjen nei wat it yn it Engelsk is; Frysk is ommers oan it Engelsk besibbe. Dat Engelske wurd moat dan wol ek in Germaanske eftergrún ha fansels. Wy binne ek al hast fergetten (forgotten) kaai (key) te brûken yn stee fan (in stead of) sleutel!
Elias
31 jannewaris 2012 11:50
sliepjutse vind ik de mooiste