Wy ite de oseanen leech

snein 29 jannewaris 2012

Fiskbeslaggen stoarte rûnom op ‘e wrâld yn troch te rije fiskerij. Dat docht bliken út in filmyske kaart dy’t it Wrâld Natuer Fûns ôfrûne wike publisearre en dêr’t it waaksjen fan de fiskerijen sûnt 1950 op te sjen is. Yn de measte seeën en oseanen blykt de fiskerij de lêste heale ieu útwoeksen te wêzen oant tsientallen prosinten boppe it maksimale nivo dat fanneden is om de fiskbeslaggen yn stân te hâlden. Berekkenings toane oan dat sok ûnduorsum fiskjen derta laat dat gjinien fan de fisksoarten dy’t wy op it heden nuttigje, healwei dizze ieu noch te besetten is. De kaart is te besjen op: http://wwf.ixtract.de/.

De fangsten wurde hieltyd meagerder. Yn it sokwetter fan útroege fisk rekket de fiskerij ek yn de nederklits.

It deiblêd Trouw, dat de kaart woansdei op de foarside publisearre, joech in pear dagen wiidweidich omtinken oan de swierrichheden mei de fiskerij. Yn in artikel fan it Ynternasjonaal Bûn fan Ûndersyksjoernalisten wurdt bygelyks beskreaun hoe’t fiskers op Sjileenske hoarsmakriel (Trachurus murphyi) út in grut ferskaat oan lannen, dy’t by inoar opkonkurrearje, de súdlike Grutte Oseaan as in swarm hippers rûpelje. Al yn 1995 fisken de Sjilenen acht kear de duorsume rispinge oan hoarsmakriel op. Lykwols sette Europeeske fiskers dat ek noch út, gauris ûnder flaggen fan oare lannen om it Europeeske kwotum te ûntdûken. It andert op it ferbieden troch Sjily en Perû om dêr fisk oan lân te bringen, binne djipfriesskippen, dy’t de bûst op see ferwurkje. It meast útwrydske eksimpel dêrfan is de Lafayette, in troch in rederij yn Hong Kong ferspikere oaljetanker ûnder Russyske flagge dy’t by steat is en ferarbeidzje 547.000 kúb fisk yn ‘t jier. Dat allinnich is al mear as it maksimum fan 520.000 kúb dat neffens wittenskippers nedich is om de fisksoarte op peil te hâlden. Sadwaande is it beslach oan hoarsmakriel yn de Súdlike Grutte Oseaan fan in rûsde 30 miljoen kúb yndondere nei omtrint 3 miljoen. Der wurdt wakker redendield oer fangstbeheinings mar dêr is noch neat fan op ‘e hispel kaam.
In iezing fan ien fan de likernôch 140 soarten hoarsmakriel (Carangidae; dit is Caranx sexfasciatus).

Neffens miljeu-organisaasje Greenpeace stypje de belestingbetellers it plonderjen fan de seeën: yn de EU hat de fiskerij de ôfrûne fiif jier foar € 140,- miljoen oan stipe fan oerheden krigen fia brânstofkoartings en jeften ornearre foar bou en modernisearjen fan skippen. Dy ynstruier soe der foar soarge ha dat de rederijen yn de efterútbuorkjende fiskerij noch winsk meitsje. Nederlânske reders, dy’t neffens guon saakkundigen net swak byspile hawwe yn de fiskerij op ‘e Grutte Oseaan, fine dat ûnsin. Hja wolle wol wêze dat der tefolle fiske is op de hoarsmakriel, mar benammen troch Russyske en Sjineeske floaten. Reder Diederik Parlevliet: “Klearebare wipwap, oeral is de belesting op diesel yn de skipfeart leech. It is misliedend dat subsydzje te neamen.” En: “Alles wat dien is, wie legaal en goedachte troch de autoriteiten.” Neffens him hat de hoarsmakriel him troch de klimaatferoaring ôfjûn nei oare wetters. “It is in migrearjende fisksoarte, se kinne witwêrsanne sitte.” Femke Nagel fan Greenpeace moat dêr om gnyskje: “Altyd deselde ferlechjes. Der is dêre ûnhuer fiske en dan rinne de fiskbeslaggen fansels tebek. Yn ‘e seeën by Afrika sjochst itselde, mei tusken Nederlânske fiskers allyksa in wedrin fan komsa. Aanst is de fisk dêr ek weiswommen, tink?”. Fiskerijlobbyist Gerard van Balsfoort is net sa bliid mei de publisiteit: “Wy ha altyd foarstanner west fan behearsmaatregels yn dat gea. Dêr ha wy by de EU ek op oanstien. Mar de belutsen oerheden ha der te laks mei west.”

Reacties zijn gesloten.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes