Wer waarwarskôgings (aktualisearre)
tongersdei 5 jannewaris 2012
It KNMI jout op ‘e nij in warskôging ôf foar ekstreem waar. No net allinnich foar de provinsjes Noard-Hollân en Fryslân, mar ek foar Grinslân. Dat is omreden fan de kâns op tige swiere skuorwinen oant 110 km yn ‘e oere. Fan alve oere fan ‘e moarn ôf oant twa oere fan ‘e middei jildt koade oranje. Dêrnei belunet de stoarm in krom en bliuwe de wynskuorren ûnder de 100 km yn ‘e oere. Sadwaande saksearet it warskôgingsnivo dan nei koade giel yn de noardlike kustprovinsjes en wurdt it dêrmei itselde as yn de rest fan it lân. Moarn jildt yn alle kustprovinsjes en Flevolân ek noch koade giel, wylst foar it ynlân nei ferwachting de warskôgings dan ynlutsen wurde sille.
Aktualisaasje: It KNMI hanthavenet it warskôgingsnivo foarearst. Koade Oranje bliuwt oant jûn fan krêft.
Ek sjen:
- Bluisterich waar It waar is hjoed wakker karbûstich. It KNMI warskôget sels...
- Brângefaar grut yn Limburch VENLO – De brânwacht hat oan it noardeasten fan Noard-Brabân...
- Farferboaden opheft LJOUWERT / GRINS – De farferboaden yn Fryslân en Grinslân...
- Brânwacht ûngerêst om droechte HILVERSUM – De Nederlânske brânwacht is ekstra wach op brannen...
- Wjerljocht slacht gat yn sneldyk DE JOUWER – Op de A7 by ferkearsplein De Jouwer...








