Wêrom dogge minsken sa raar oer it Frysk?
tongersdei 12 jannewaris 2012
It filmke fan Carglass hat hiel wat los makke. Minsken op Twitter hawwe it foaral oer de Fryske taal. Sjoch hjir:
FRIES OP DE RECLAME!?!? #carglas godverredomme, moet niet veel gekker worden
Wat is die reclame van #carglas toch een irritante schijt reclame en die In het #vries is nog erger krijg er braak neigingen van
wat een stomme reclame van #carglas we zijn gewoon in Nederland
Die #carglas #reclame in het #fries doe toch effe gezond joh! Je verstaat er geen hol van dus dan ondertiteling maar lezen #fail
Wat achterlijk idee om de #carglas reclame in het #fries te doen. #praatnormaal
Reclame in fries dialect..welja kan er ook nog wel bij .. #carglas
WTF fryse reclame van carglas! Kom maar op met de eerste turkse of polse reclame! #wtf #carglas
WAAROM een reclame in ‘t duits ? #carglas
Ik heb niks tegen friese mense maar om het op nerlandse televiese te spreken gaat me echt te ver #carglas
Waarom heeft die meneer van #carglas flaporen ?! Dat is niet netjes naar de Friezen. Kan #Wilders dáár eens een kamervraag over stellen ?!
RT @SB592 Ze hebben de reclame van #carglas nog irritanter weten te maaken, hij is nu in het Fries, bah..
Hey #carglas, houd je Friese reclame lekker voor Friesland en val mij er niet mee lastig
RT @soccerstan: Irritante reclame #carglas gaat die gast fries praten, kom op het is gewoon nederland hoor ;s
Die reclame van #carglass VERSCHRIKKELIJK!! In het fries, kan het nog erger?? irritatiefactor!
Niet weer die klotereclame van #carglass! #Friesch gaat echt vervele en het is een klotetaal!
Der binne ek minsken positityf
Coole friese reclame van #carglas
Haha, zonet de Fryse reclame van #Carglass
Ek sjen:
- ’250 tûzen minsken lêze Frysk’ Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne...
- Reaksjes op de side fan LC oangeande it Frysk Op it Reaklif is juster by de Warnsbetinking troch boargemaster...
- Frysktalige reklame op Nederlânske televyzje Hollânsktalige reklamefilmkes op Omrop Fryslân binne wy wol wend, mar...
- Frysk ferstean op de feartsjinsten is dochs it minste LJOUWERT – De Ried fan de Fryske beweging wol dat...
- Oan de minsken dy’t reagearre hawwe Oan de minsken dy’t reagearre hawwe op it stikje ‘It...









moet
12 jannewaris 2012 22:28
Met: it ken net
had niemand moeite..
janna
12 jannewaris 2012 22:39
zit mezelf meer te ergeren aan die “nederlanders” die niet eens weten dat fries een taal in hun eigen land is en dus geen dialect! en dan nog die taalfouten in hun “eigen” nederlands ” en het is gewoon nederland hoor? zou me niet verbazen als de fryske taal er eerst was?
Andre van der Meer
12 jannewaris 2012 23:13
Domme reaksjes yn knoffelich Holl^ansk, Gjin omtinken oan jaan.
mbc84
12 jannewaris 2012 23:35
lit no ús no wol wêze, dit is earder regelmaat as útsûndering. Sa’t Janna al seit, dy Hollanners witte bytiden neat ôf fan it Frysk en beskôgje it altiten noch as in dialekt/wat-dan-ek-mar (sjoch reäksje Ferjo by ‘Mei ús de sûndfloed?’). Bytiden hawwe hja minder muoite mei allochtoane minderheidstalen, dy hearre se al sa faak en ja, dy minsken kinne min Nederlânsk, dêrom dan mar yn harren eigen taal (sjoch ek ferkearseksamen yn it Turksk of Arabysk). Mar in Fries is dwers en drammerich mei syn Frysk, dy moat normaal dwaan en gewoan Hollânsk prate/skriuwe/lêze.
En wêrom’t ik tink dat it in algemien tinzeguod is by de Nederlanners? It Hollânsktalige guod dat harren yn ús lân te wenjen set, sil nea it Frysk omearmje. Hja wenje ommers yn Nederlân blablablabla. Hjirmei fersterkje hja ek it algemiene idee dat it Frysk minder is nei harren eigen efterban ta. (sjoch ek Sovjet-Uny en Baltyske lannen)
Allinnich at Fryslân mear foech kriget om Fryslân op eigen wize yn te rjochtsjen mei eigen betingsten, dan kin faaks de algemiene opiny yn, yn alle gefallen yn Fryslân, wat bystjoerd wurde. Wy moatte as Friezen no dochs al tige goed witte dat wy it mei frijwilligens net rêde, wy reitsje Fryskpraters kwyt en de oanwaaks wurde mei de dei minder. Wy moatte it net allinnich hawwe fan berte mar ek fan ymmigranten dy’t ús taal leare moatte!
Ferjo
13 jannewaris 2012 01:00
Hiel opmerklik! attention attention
sûnt wannear is reklame sa populêr, Nederlanners toch is dit wêr at jim jimme dei en nacht mei besiich hâlde…. Reklame sjen en as in echt taalstrider stride foar de Nederlânske taal yn ynkorrekt Nederlânsk.
*Sucht…. fan dêr dat wy (De Nederlânsk steat wol te ferstean) sa’n grutte skulden berch hawwe.
Daam
13 jannewaris 2012 01:12
Hiel aardich, Ferjo: dat ynkorrekt Nederlânsk. Ik soe sa sizze: nim noch ien.
Ferjo
13 jannewaris 2012 01:40
Ja, Daam ik ha krekt noch in gleske wetter naam,op dyn oanrieden.
Remme
13 jannewaris 2012 07:17
Her Fries heerst. Meer Friesetaal op de TV.
Menno
13 jannewaris 2012 09:19
Carglass (Ingelsk) is goed yn byld kommen en dêr giet it har om. Tige slagge ek al komt it aktearjen wat houterich oer.
Remco
13 jannewaris 2012 09:55
@Ferjo. Jo skriuwe hielendal net sa min Frysk as dat Daam seit. Jo moatte jo neat oanlûke fan wat Daam seit. Troch dat soarte fan djipfries opmerkings krijt de Fryske taal in minne namme. Yn wat foar taal dan ek ha jo akademyske skriuwers, literêre skriuwers, goede skriuwers, normale skriuwers en minne skriuwers. Mar wat makket it út. Jo steane foar de taal, jo skriuwe de taal en dermei stypje jo de taal. En dat soarget dat it allinnich mar better wurdt.
Daam, jo moatte net sa soer dwaan. Mar neffens my is dat dreech foar jo, as ik al jo reaksjes lês dan is alles negatyf. Alles is te let, alles giet nei de kloaten, sûnder dat jo ien oplossing biede dy’t realistysk en konkreet is
Jehannus
13 jannewaris 2012 18:09
ik mat ek niks fan de reklame ha.
irritant sa as altiid.
En de ‘acteur’ is ferskillekijk houteriger yn syn ‘rol’.
D’r is niks natuurlijk oan.
Ek it hiele geselskip yn de reklame.
Maar de hiel net yn myn eftertûn reaktie is wol wer typerend, foar de onkunde.
Ferjo
13 jannewaris 2012 19:19
Ik moat earlik sizze dat ik it filmke pas krekt eefkes besjoen ha.
En ja it filmke lit hjirre wol wer de typearring fan de domme Frysk sjen.
Wol jammer!
Baaske Jezus
13 jannewaris 2012 19:32
It is in hiele aardige reklame en de parody mei der ek wol wêze. Wêrom soenen wy ús skamje foar ús eigen lânslju? Al dy krityk op in oar is net goed. Lit ús Friezen dochs leaver mei-inoar ien wêze en nivo sjen litte. Lit dy Nederlanners (aso’s) mar moai oppakke.