Wetter sakket, dykbewekking opheft

tongersdei 5 jannewaris 2012

LJOUWERT – De ekstra bewekking fan ‘e Fryske seediken is beëinige. Dat hat Wetterskip Fryslân buorkundich makke. It ekstra tafersjoch is net mear nedich om’t it hege wetter yn ‘e Waadsee oan it sakjen is. Om kertier foar njoggenen stie it op in hichte fan 2,70 m boppe NAP. In oere earder wie dat noch 2,86 m. It kearend tij en de belúnjende stoarm binne de oarsaak fan it ôfnimmende wetterpeil.

Earder op ‘e dei waard de ekstra dykbewekking by de Easterskelde ek al opheft.

Ek sjen:

  1. Farferboaden opheft LJOUWERT / GRINS – De farferboaden yn Fryslân en Grinslân...
  2. Farferbod opheft LJOUWERT – It farferbod yn de provinsje is moandeitemoarn opheft...
  3. Farferbod foar in part opheft LJOUWERT – Mei yngong fan hjoed tiisdei 4 jannewaris is...
  4. Frysk farferbod opheft LJOUWERT – De lêste farferboaden op Fryske wetters binne moandei...
  5. Nederlân yn ûnstjoer troch opsettend wetter ROTTERDAM – Rykswettersteat hâldt in tige skerp each op ‘e...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic