Wetterskip Fryslân makket needkaaien
sneon 7 jannewaris 2012
Paul van Erkelens
LJOUWERT – Wetterskip Fryslân wol in stikmannich needwetterkearings oanlizze. It giet om kaaien mei in totale lingte fan 700 m. De needkearings wurde mei lytse kranen oanlein efter besteande diken. Dat hat dykgreve Paul van Erkelens freed te witten dien. “De ferswakke diken sille fuort net trochbrekke, mar út foarsoarch moatte wy dit wol dwaan,” sa sei Van Erkelens. Fyftich ynspekteurs fan it wetterskip hâlde sneon ekstra tafersjoch op ‘e Fryske wetterkearings.
Neffens Van Erkelens bliuwt it heechwetter yn Fryslân nuodlik. Troch it hege wetter kin de Fryske boezem net útwetterje op ‘e Lauwersmar en op ‘e Waadsee. Dat bliuwt nei alle gedachten oant sneintemiddei sa. In ekstra probleem is dat der sneon nochris 8 oant 10 mm rein ferwachte wurdt.
Ek sjen:
- Fryske seediken kard PEAZENS-MODDERGAT – Neffens wetterskip Fryslân ha de Westerlauwersk Fryske seediken...
- Reuzerôt yn Fryslân IT HEIDENSKIP – By It Heidenskip is ôfrûne woansdei in...
- In soad wetteroerlêst yn Fryslân Troch it hege wetter is de dyk tusken it yndustryterrein...
- Omrop Fryslân makket muzykhit Omrop Fryslân is fan doel om in hit te meitsjen....
- Wetter sakket, dykbewekking opheft LJOUWERT – De ekstra bewekking fan ‘e Fryske seediken is...








