Whatsapp soarget foar minder SMS
snein 1 jannewaris 2012
Foar it earst yn jierren is der in delgong te sjen fan it tal sms’kes, dat ferstjoerd is mei de jierwiksel. In protte minsken winskje inoar lokkich nijjier oer de sosjale media lykas Facebook en Twitter. Dit jier binne der 78 miljoen sms’kes ferstjoerd, ferline jier wienen dat noch 84 miljoen. Eksperts tinke dat der oer twa jier mear fergese berjochten ferstjoerd wurde as berjochten dêr’t foar betelle wurdt. Whatsapp sil dêr foar soargje. It tal petearen om tolve oere hinne is wakker lyk bleaun. Der binne yn totaal 20,2 miljoen petearen fierd.
Ek sjen:
- Nederlân sms’t minder AMSTERDAM – Foar it earst wurdt der yn Nederlân minder...
- Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk, no mar hoopje dat er...
- Minder definsje-útjeften Yn 2008 is foar 8,2 miljard euro útjûn oan definsje....
- Minder minsken op hjerst fakânsje Dit jier sille sa’n 1,25 miljoen minsken fuort yn de...
- Minder sliep- en kalmearringsmiddels Yn de earste helte fan dit jier joegen iepenbiere apteken...








