Willem Holleeder is frij
freed 27 jannewaris 2012
AMSTERDAM – Willem Holleeder is frij. De beruchte krimineel waard dizze wike yn alle stilte frijlitten. Holleeder hat seis fan ‘e njoggen jier fan syn finzenisstraf útsitten en wurdt neffens wizânsje earder frijlitten om’t er him kreas holden en droegen hat.
‘De neus’, sa’t Holleeder syn bynamme klinkt, is al sûnt de jierren ’80 geregeldwei yn it nijs. Earst wie er behelle by de ûntfiering fan bierbrouwer Freddy Heineken, dêr’t er fan 1987 oant 1992 foar fêstsiet. Hy kaam yn 2006 wer yn it nijs, doe’t er arrestearre waard op fertinking fan sjantaazje. Hy soe ferskate rikelju ôfparst hawwe, wêrûnder de fermoarde fêstguodhannelder Willem Endstra. De saak tsjin Holleeder krige ekstra omtinken doe’t der in raket ôffjurre waard op it swierbewekke gebou dêr’t er as fertochte terjochtstie. Noch mear omtinken krige Holleeder doe’t er ûnder it proses hommels yn it sikehûs opnommen wurde moast mei in hertkrupsje en trochdat er in skoftlang fertocht waard fan de moard op in Joegoslavyske krimineel. Dêr is er lykwols nea foar ferfolge.
Holleeder syn ferbliuwplak is ûnbekend, mar misdieferslachjouwer Peter R. de Vries hat mei him praat en seit dat “getekend is, maar er best goed uitziet”. De Vries hat in pear foto’s fan de misdiediger makke. Dy wurde jûn yn it televyzjeprogramma De Wereld Draait Door fertoand. Minister fan justysje Opstelten seit dat Holleeder in frij man is. Wol is it mooglik dat er dochs noch ferfolge wurdt foar de neamde moardsaak. Boppedat besiket de Nederlânske steat om Holleeder in bedrach fan 17 miljoen oan yllegale ynkomsten te ûntnaderjen.
Ek sjen:
- Anonime tsjûge tsjin Holleeder en S. AMSTERDAM – Q5, de anonime tsjûge fan it Iepenbier Ministearje...
- Frij troch Frânsktalige bon BRUSSEL – De rjochtbank yn Brussel hat in Flaming ûntslein...
- Bisteminsken wolle orka frij HURDERWYK – Biste-organisaasjes protestearje tongersdei tsjin de finzenskip fan Morgan....
- Willem de Heij pealsitkampioen WARNS - Willem de Heij fan Aldetrine is snein yn Warns...
- Willem Duys ferstoarn HILVERSUM – De Nederlânske presintator Willem Duys is yn de...








