Wittenskippers meitsje ien aap út twa
snein 8 jannewaris 2012
Dit binne twa fan 'e aapkes dy't Mitalipov en syn kollega's makke hawwe.
BEAVERTON – Amerikaanske wittenskippers hawwe sellen út twa ape-embryo’s kombinearre. Ut dy kombinaasje binne trije jonge aapkes berne. De aapkes hawwe net yn al harren sellen deselde genen. Yn ‘e wittenskip wurdt sa’n genetysk mingd bist in ‘gimear’ neamd.
Gimearen komme soms yn ‘e natoer foar. By bisten bart dat meastal trochdat de embryo’s fan twillingen yn it skûlliif mei-inoar fergroeie ta ien jong. Der binne ek minsklike gimearen bekend.
Undersiker Shoukhrat Mitalipov leit út hoe’t hy en syn kollega’s te wurk gien binne: “Wy hawwe stamsellen nommen út twa ferskillende embryo’s – fan twa ferskillende apen – en dy hawwe wy gearbrocht ta ien embryo. Op dy manier hawwe wy trije jonge aapkes makke.”
It ûndersyk hat de ûndersikers in skat oan ynformaasje oer stamsellen jûn. Sa binne se derefter dat mar ien type stamsel brûkt wurde kin om gimearen te meitsjen. Dat is de saneamde ‘totipotinte’ stamsel, dy mei de measte mooglikheden om nije typen sellen te meitsjen. Fierders binne de wittenskippers derefter kommen dat de stamsellen út in embryo komme moatte en noch net yn in laboratoarium kweekt wurde kinne; kweekte stamsellen wurken net goed by it meitsjen fan gimearen.
Wittenskippers hiene earder al gimearen fan mûzen makke, mar no’t it slagge is om apegimearen te kweken, is neffens Mitalipov in wichtige stap set nei it kweken fan minsklike organen, bygelyks foar transplantaasje.
It ûndersyk is útfierd troch wittenskippers fan de universiteiten fan Oregon en Kalifornië. In ferslach derfan is ferskynd yn it tydskrift Cell. Klik hjir foar in gearfetting. Klik hjir foar in filmke oer it projekt.
Ek sjen:
- Ferlamme aap rint wer TOKYO – Stamsellen iepenje nije doarren foar de medyske wittenskip....
- Kealens bestiet net echt PHILADELPHIA – Keale manlju binne net echt keal. Allinnich binne...
- De ynboude tiidklok fan stamsellen NOVATO – Stamsellen hawwe in ynboude tiidklok. En dy kin...
- Sperma tsjin sûkersykte WASHINGTON – Amerikaanske wittenskippers hawwe in manier ûntdutsen om sûkersykte...
- Kweekte luchtpiip transplantearre STOCKHOLM – De Italjaanske dokter Paolo Macchiarini hat yn Stockholm...








