Wyt-Ruslân beheint ynternetfrijheid
tongersdei 5 jannewaris 2012
MINSK – It regear fan Wyt-Ruslân beheint de dochs al lytse ynternetfrijheid yn it lân. Bedriuwen en organisaasjes meie fan freed ôf gjin webstee mear hawwe dat net einiget op .by, de ynternetekstinsje fan Wyt-Ruslân. De regeling jildt ek foar e-mailadressen. Ynternetkafees binne ferplichte om te registrearjen hokker sites oft harren klanten besjogge. As klanten nei bûtenlânske sites surfe, dan moatte de ynternetkafees dat oan ‘e oerheid melde. Litte se dat nei, dan riskearje se ferplichte sluting fan harren saak. De Wyt-Russyske geheime tsjinst kontrolearret mei stekproeven oft de ynternetkafees harren oan ‘e regels hâlde. Ferskate sites wurde troch de oerheid blokkearre, wêrûnder yn prinsipe alle pornografyske. Presidint Aleksandr Loekasjenko seit dat er mei de maatregels it gebrûk fan it nasjonale ynternet befoarderje wol.
De organisaasje Reporters zonder grenzen beskôget Wyt-Ruslân as in diktatuer mei in tige beheinde ynternetfrijheid.

Wyt-Ruslân yn Europa.
Ek sjen:
- Ruslân hat wurk foar Japanners MOSKOU – Ruslân wol graach dat Japanners út it rampgebiet...
- Poetin fannijs presidint fan Ruslân MOSKOU – Wladimir Poetin wurdt fannijs presidint fan Ruslân. Neffens...
- Ruslân mei by wrâldhannelsorganisaasje GENÈVE – Ruslân mei lid wurde fan de wrâldhannelsorganisaasje WTO....
- Gjin porno, gjin cookies DE HAACH – By fersin hat de Twadde Keamerfraksje fan...
- Ruslân skrast wintertiid MOSKOU – Ruslân skrast de wintertiid. De klokken jouwe tenei...








