1 maart Drintsk diktee
woansdei 22 febrewaris 2012
EMMEN – Op tongersdei 1 maart kinne jo sjen litte oft jo it Drintsk ek yn ‘e fingers hawwe. Dan wurdt nammentlik it Drintsk idee holden. It wurdt útstjoerd op RTV Emmen en kin ek op it webstee fan de omrop folge wurde.
It Drintsk diktee wurdt foarlêzen en útstjoerd yn de bibleteek fan Emmen. Dêr sitte ferskate Drintske pommeranten, dy’t besykje om de Nedersaksyske tekst mei sa min mooglik flaters op it pompier te krijen. De neikommende BD’ers hawwe tasein dat se derby wêze sille: Bouke Arends, Frits Rosenbaum, Roelof Steenbergen, Warrie Nijenbrinks, Gerrit Folkerts, Bert Bouwmeester, Jacob Bruintjes, Pim Mensingh, Gezinus Evenhuis, Jans Polling, Jan Schutrups, Hein Klompmaker, Aagje Blink, Marchien Brons, Trijntje van der Scheer en Gloria Sommer.
Publyk is wolkom yn ‘e bibleteek en mei ek meiskriuwe. De winner op lokaasje kriget in fergese tagongskaart foar it streektaalfestival !REUR! op 3 maart yn Emmen.
Drintsk diktee
Tongersdei 1 maart
19.00 oere
Radio: FM 107,6
Ynternet: www.rtvemmen.nl
Lokaasje: sintrale bibleteek, Noorderplein 101 yn Emmen
Ek sjen:
- Winners fan it Drintsk diktee EMMEN – It Drintsk diktee fan 2012 is wûn troch...
- Frysk Diktee 2010 Diktee foar de bern Tiisdei 20 april 2010 wurdt foar...
- Piter Wilkens skriuwt 10de Grut Frysk Diktee Sjonger en lietsjeskriuwer Piter Wilkens skriuwt dit jier de tekst...
- Twatalich diktee foar it Fryske lústerboek Rotaryklup Nijehove kriget noch hieltyd entûsjaste reaksjes op it diktee...
- Drintsk op skoalle yn streektaalmoanne BEILEN – Maart is de Nederlânske streektaalmoanne. Yn Drinte wurdt...









Njirre
22 febrewaris 2012 11:21
Van wikipedia:
Zoals boven gesteld worden alle Drentse dialecten bij het Nedersaksisch ingedeeld, maar daar houdt de gemeenschappelijke taalkundige factor op. Ofschoon voor alle streektalen geldt dat ze in meerdere vormen bestaan en vaak per dorp verschillen, is dit voor Drenthe wel zodanig het geval dat men taalkundig gezien nauwelijks nog van “het Drents” kan spreken ]. De dialecten uit het noorden en oosten (hieronder: Noordenvelds en Veenkoloniaals) worden gewoonlijk gerekend tot het Gronings ], de dialecten uit het zuidwesten zijn Stellingwerfs, en de dialecten in een paar dorpen tegen de zuidgrens met het graafschap Bentheim (Duitsland) worden zelfs wel bij het Sallands ingedeeld (om de eigenschap dat ze umlaut in de verkleinwoorden hebben).