15e-ieuske State ûnder Drachtsterplein

tongersdei 23 febrewaris 2012

Sa seach Abbinga State derút foar de sloop.

LJOUWERT – By de wurksumheden oan it Drachtsterplein yn Ljouwert binne resten weromfûn fan de âlde Abbingastate. It giet om parten fan de muorren en de daamwand, mar ek om bygelyks potten en pannen.

De Abbingastate wie ien fan de foarnaamste huzen yn dit part fan Fryslân út de 15e ieu oant de sloop yn 1859. Doe moast de state plak meitsje foar in fabryk en úteinlik foar it Drachtsterplein.

By de plande wurksumheden oan it plein wie al rekken hâlden mei argeologyske fynsten. De fynsten sille no jitte yngeander ûndersocht wurde om te sjen wat de wearde is. It wurk oan it Drachtsterplein giet gewoan troch.

(Tekst: Omrop Fryslân, tekening: Stinsen in Friesland)

Ek sjen:

  1. Drachtsterplein bliuwt tagonklik LJOUWERT – Ljouwerter ûndernimmers binne bliid mei de oplossings yn...
  2. 18e-ieuske Noard-Fryske wurdlist fûn SINT PETERSBURCH – De Fryske taalkundige Jarich Hoekstra hat yn...
  3. Friezen kalm ûnder paskedrokte HÜSEM – Op ‘e gemeentehûzen yn Dútslân tilt it op...
  4. Nea wer Dokkumer Lokaaltsje STIENS – Prorail giet troch mei it opromjen fan it...
  5. Iepen koardei yn Lekkum, ûnder lieding fan David van Roijen Sneon 12 septimber is yn Lekkum in iepen koardei fan...

3 reaksjes op “15e-ieuske State ûnder Drachtsterplein”


  1. wirbel
    23 febrewaris 2012 19:31

    Spitich dat der gjin foto’s fân de oerbliuwselen by steane; ynteressant om soks werom te fynen. Ek spitich dat safolle states ôfbrutsen binne.


  2. Jozef
    1 april 2012 05:56

    No, dat wit ik sa krekt noch net. Se sille dochs op syn minst wol in pear bobo’s yn it seal he2lde dy’t op legitimearre wize njetsobs ynleverje kinne sadat it net opfalt dat hja sels fuort west hawwe te fretten


  3. Erwin2.0
    1 april 2012 22:50

    De state wie grif te Frysk…

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic