Alderivichste spitich

tongersdei 9 febrewaris 2012

Stevige taal foar de alvestêdetocht

It is alderivichste spitich dat de 11stêdetocht net trochgiet.
Ik hie it stomme graach oars sjoen.
Hie it no mar glûpende kâld west.
Hie it iis mar oeribele sterk west!
Al is ien almeugende ryk,
ik bin der wakker wis fan,
dat er mei in startbewiis danige bliid west hie.
Al is it wetter ûnwittende djip,
al blaast de wyn feninige skerp,
de Berenburch hie ús seldsume lekker smakke!
Wy wiene skitende benaud foar teiwaar.
Wy binne der alderheislikste kjel fan wurden.
It is beroerde min,
mar it is net oars, dat witte wy bare skoan.
Men soe der bjusterbaarlike lilk om wurde.
Stjerrende wier!

Is dat net moai Frysk? Ja-wis-wier-wol! Soks kin net yn it Hollânsk, hear mar:
Stervende waar!
De wind is gloepende koud.

Soks heart as Bokwerter Hollânsk, it humoristysk-mishipte taaltsje dat Rink van der Velde de ynwenners fan it legindaryske doarp Bokwert prate liet.

It Frysk hat in bjusterbaarlike rykdom as it derom giet om in hege graad oan te tsjutten. Njonken it kleurleaze “erg koud” hat it Frysk net inkeld glûpende kâld, mar ek:
feninige kâld
fûleinige kâld

Sokke útdrukkings ha in stik krêft en emoasje dat it Hollânske “erg koud” mist. Dat ferskil mei it Frysk komt omdat it Frysk noch ticht by de sprektaal, de folksmûle, stiet, en dy is no ienris wat rûger as it Algemeen Beschaafd Nederlands. De Fryske útdrukkingen hawwe somtiden in ferbân mei de tastannen fan ‘e lea: stjerrende wier mei it stjerren,skitende benaud mei it skiten. Yn âlder Hollânsk wie dat ek wol sa, mar yn it ABN binne de wat rûgere ûtdrukkingen fuortpoetst troch it ûnderwiis en de skriuwtaal.

Sokke wurden as glûpende, feninige en sa mear geane meastal op in –e út. Dêrtroch binne se ek as sadanich, as wurdsjes fan hege graad,werkenber. Dat jildt ek foar it neutraalste wurdsje fan hege graad yn it Frysk: tige. It Hollânsk mist dat skaaimerk, want erg giet net op in –e út.

Mear witte oer dit nijsgjirrige ferskynsel? Frits van der Kuip hat der in goed lêsber wittenskiplik artikel oer skreaun, dat te finen is yn Us Wurk (2011:139 en fierder), it blêd fan it Frysk Ynstitút te Grins.

Eric Hoekstra, Fryske Akademy

Ek sjen:

  1. Spitich foar Frijsteat Folgeren LJOUWERT – Wâldpiken meie graach tôgje. De leden fan de...
  2. Lienwurden Fryske taal As in taal gjin eigen wurd foar it ien of...
  3. Histoaryske trochbraak of deade mosk? Freed 12 febrewaris hat de ministerried it beslút nommen om...
  4. Gjin GELACH yn it Frysk! Der is gjin gelach yn it Frysk, mar der wurdt...
  5. In ‘veelschrijver’ is noch gjin folleskriuwer! Sjoch ris nei it neikommende rychje wurden út it Hollânsk:...

3 reaksjes op “Alderivichste spitich”


  1. E-F
    13 febrewaris 2012 11:31

    Moai ja, mar is ´´veneinig koud´ net goed Hollansk? Of binne dat friesismen?:)


  2. Johannes
    14 febrewaris 2012 21:53

    Praten alle Friezen noch mar sok moai geef Frysk. De triennen sjitte my yn ‘e eagen as ik dit soarte fan Frysk lês. Ik wol skûlje yn sa’n stikje Frysk en de hiele nacht dreame en nea wer wat oars heare, stjerrende wier.


  3. Eric
    15 febrewaris 2012 10:37

    Fan guon boeken is it Frysk dusdanige moai dat it jin by it hert kriget. Ik ha dat wol by Simke Kloosterman, ek wolris by Rink van der Velde of Trinus Riemersma. De Bommeloersettingen fan Jarich Hoekstra en Harke Bremer binne oars ek hiel bysûnder, om net te sizzen, “swetteferlizzend”, fanwege de prachtige fynsten fan de oersetters,

    Wat “venijnig koud” oanbelanget, dat is ek goed Hollânsk, dat is wier.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic