Alvestêdegekkens en slimmere healwizens

woansdei 15 febrewaris 2012

Wat ha we oangien, ferline wike. It koe wolris it meast Nederlânske evenemint wêze dat der bestiet, dy Fryske Alvestêdetocht, en it hat ús raar yn ‘e besnijing hân. Dat kinne we no – wylst it jitris lij wetter reint en wy wer wat bekuolle binne – wol konkludearje. We liken wol net wiis, om suver al te rekkenjen op de Tocht, wylst iismaster Jan Oostenbrug fan de Alvestêdeferiening it ús noch sa foarrekkene hie: mei minder as 1 sm iisgroei it etmiel en minder as in wike – en ek noch ôfnimmende – froast, koe de iistsjokte ommers nea fan likernôch 6 sm op de fereaske 15 sm bedarje. Lykwols koenen we nearne oars oer prate en waard ferline woansdei it komplete NOS-sjoernaal foleamele mei dat iene ûnûntrinbere boadskip: it giet oer!

Hawar, wat makket it út, it hat eins wol wat, sa’n kollektive dwylsin. Mei boppedat lanlike media dy’t ynienen kikje op it Frysk. Dêrmei is moai it ûngelyk bewiisd fan dy mukkes fan Fryslân Marketing, dy’t in miljoen útjout oan in televyzjesearje en dêr ien fan ús grutste toeristyske attraksjes by ferjit: de Fryske taal. Lju dy’t, fan de Alvestêdeberjochtjouwing opwaarme, foar dy rige sitten gean, sjogge op harren televyzje sadwaande no in Fryslân dat se net weromkenne. It wurdt dêrom heech tiid dat dy himkoalle ris oar wurk siket, tinkt my. Mar ik woe it eins oer ús eigen ûnnoazelens ha. Want as wy sa gobberje op in Alvestêdetocht, wêrom hâlde we dan net ris op mei it algeduerigen lytser meitsjen fan de kâns dêrop troch ús healwize ferslaving oan fossile brânje? It KNMI kaam ferline wike mei dit ûntheisterjende plaatsje, dat ik fierders noch net yn de media sjoen ha (hja woene it feestje net bedjerre, tink):

Krekt as de wat âldere reedriders dy’t men ferline wike op it iis trof, fertelle dizze modelberekkenings ús dat de winters yn it ferline folle langer duorren. Dat kâlde riten no al in tredde koarter binne as yn de jierren sechtich en oer in heale ieu noch wer ris mei in tredde bekoarte wêze sille. Alteast as we nei de trochsneed sjogge; klimaatskeptisy brûke graach de grutte natuerlike fariaasje om ús op ‘e doele te bringen. De kâns op in kâlde rite dy’t genôch om ‘e hakken hat om in Alverstêdetocht op te smiten (yn it jargon fan it KNMI in ekstreem lange kjeldperioade) wurdt dus skielk ôfgryslike lyts, troch ús eigen tadwaan. Mei dy gefaarlike sljochtens ûntnaderje wy ús sels skielk de kâns op soksoart noflik Alvestêdemâltjirgjen. Dat, wannear komt de reedrider lang om let ris by syn sûpe en stút en stook tenei duorsume brânje? It moat as de brân, want de berekkenings fan it KNMI koenen noch wol ris de foarsichtige kant it neist wêze. De universiteit fan Bremen kaam nammentlik mei poaliisplaatsjes (te uzes publisearre troch waarman Jan Visser) dy’t noch mear reden ta feralterearrens jouwe:

Dêr docht út bliken dat de iishoemannichte (yn pears werjûn) yn it Noardpoalgea mei ferbjusterjende faasje ôfnimt – midden yn ‘e winter is de Barentszsee omtrint iisfrij en der is op dit stuit sels amperoan iis om Spitsbergen (lofts) en Nova Sembla (rjochts) hinne – en fangefolgen ús kâns op Alvestêdekjeld. En it dêrby hearrende oangean.

 

Nanne

No related posts.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic