Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk

moandei 6 febrewaris 2012

Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk, no mar hoopje dat er komt!

Yn in pear oeren tiid hat der mear Frysk op de Hollânske televyzje west as yn wiken, moannen miskien wol jierren derfoar. En der is net ien dy’t raar docht oer de Fryske taal, it falt gewoanwei op. Op RTL Boulevard waarden de minsken fan Omrop Fryslân ynterviewd, sy praten gewoan Frysk en it waard kreas ûndertitele. Albert Verlinde dy’t oars nea ferlegen sit om in stek ûnder wetter prate der net iens oer. Der waard hielendal net snústerich dien. De iismaster dy’t prachtige Fryske útspraken hie, waard omearme. Matthijs van Nieuwkerk neamde syn optreden as grutsk. Ek Wiebe Wieling dy’t Frysk praat waard net delsabele of frege om Hollânsk te praten.

Soarget de gekte fan de alvestêdetocht derfoar dat minsken oars oer it Frysk tinke? Minsken sjogge no net in ferfelende Fryske Carglass reklame. Nee, se sjogge in grut evenmint dat troch Fryslân organisearre wurdt. In evenemint dêr’t hiele Nederlân fan hâldt. Troch no de Fryske taal goed del te setten, kin de Fryske taal mei dizze weach mei liftsje. Ik rop alle minsken op om Frysk tsjin de media te praten. Sy sette ûndertiteling derûnder. Kinne de Fryske oersetters ek noch wat jild fertsjinje en de Fryske taal krijt in protte oandacht.

Neffens my allinnich mar posityf.
MT

 

Ek sjen:

  1. Arguminten foar it Frysk, help mei! (nij) Wêrom binne wy foár it Frysk. Wat hat it eins...
  2. Frysk foar abbekaten LJOUWERT - Tsien net-Fryske juristen hawwe it diploma ‘Frysk foar abbekaten’...
  3. Mei gewoan Frysk dan net? Wy hawwe lêze kinnen dat in nij steatelid opholden is...
  4. Mear eigen lieten Frysk Lieteboek It nije Frysk Lieteboek moat mear eigen Fryske lieten krije....
  5. Frysk as rjochtstaal ûnder druk DE HAACH – Is it in papieren rjocht wurden om...

8 reaksjes op “Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk”


  1. Daam
    6 febrewaris 2012 22:17

    Gjin stekken ûnder wetter? Ik ha it oars belibbe:

    De parsekonferinsje. De foarsitter beänderet in fraach fan in Fryske sjoernalist earst nei likernôch dizze yntroduksje: “Dan anderje ik ek mar yn it Frysk, dan kin elk it ferstean.”

    Dat is in folslein oerstallige, sa net ûnbeskofte, yntroduksje, foarsitter. Want wat woene jo dêr no krekt mei sizze?


  2. pyt
    7 febrewaris 2012 09:37

    Stel in bytsje betrouwen yn jins meiminsken! De hâlding fan ús Hollânske lânslju is folle positiver as fyftich jier lyn.
    Noch wat iistaal, want dat binne guon fergetten:
    skaatse – ride
    skaatsen – redens
    wak – wek
    wa sjucht mear?


  3. mbc84
    7 febrewaris 2012 11:10

    it betrouwen yn ús Hollânske meimins haw ik al lang ferlyn ferlern.. mar sa’t Daam al seit, sels de foarsitter moast sa’n domme opmerking meitsje, sokke sûgen sitte der ek by ús blykber..

    No, mei in eventueel oankommende Alvestêdetocht, komt de typyske hypokrisy fan de Hollanner wer oan ‘t oerflak. Nó is it Frysk wol leuk en aardich, krekt nó wolle se de Friezen net tsjin it hier yn strike.

    Falt it jimme nea op dat yn programma’s op ‘e tillevyzje der hast nea Fryske húshâldings binne dy’t der oan mei dogge? En at dat wol it gefal is, hearst hast gjin Frysk, mar wol it swiere Fryske aksint. De minsken wurde neffens my ferplichte Hollânsk te praten (meiïnoar) at hja meidogge oan sokke programma’s.

    At der ien folk is dat de hypokrisy útfûn hat, dan binne it de Hollanners wol! Wol fine dat Tibet/Skotlân ensfh, rjocht hawwe op selsbestjoer, mar at it op ‘e Friezen oankomt…


  4. Lútsen
    7 febrewaris 2012 13:52

    Ik wurkje yn Amsterdam. De ôfrûne dagen binne der in protte fan myn kollega’s dy’t my taroppe: Lútsen, it giet oan! It sil heve. En dan antwurdzje ik foar de poerlegrap: Nee, it giet net troch, it wurdt teiwaar. Dêr ha wy allegearre nocht oan. In pear kear deis werhellet him dat. Guon fernuverje harren der wol oer, dat it Frysk bytiden sa oars is. ‘Hoe zeg je: het gaat dooien?’. Antwurd: It wurdt teiwaar. Antw. Hè? Dat is toch wel heel anders. Ja, ik moat ek fêststelle dat it Frysk wol oan populariteit wint. Sa wurdt ‘ûnbekend makket ûnbemind’ ta ‘bekender makket beminder’. Sa is it mar krekt.


  5. Stijn
    7 febrewaris 2012 20:53

    Deze hollandse medemens wil graag zoveel mogelijk frysk horen op tv en waar dan ook! Verstaan doe ik het al redelijk, maar des te meer frysk ik hoor des te meer ik leer. Over de nederlandse mening over het frysk: ik ken eigenlijk alleen maar mensen die het mooi vinden om te horen!


  6. Johannes
    8 febrewaris 2012 20:32

    Pyt. Schaatsen, skaatse = Reedride


  7. Stephan
    8 febrewaris 2012 22:06

    En koek en zopie is reedrydbar! Sjoch mar op watwurdit fan Praat mar Frysk. (Wa soe dat no betocht ha;) ?)


  8. T. Brûnsma
    9 febrewaris 2012 08:48

    Lit my net laitsje!

    Juster by de parsekonferinsje moast Dhr. Wieling sa nedich alles yn it Hollânsk dwaan.. Hy hat him meardere kearen ferbrekke moatten.

    As dy Hooolanders graach witte wolle as it al as net trochgiet hiere hja mar in tolk yn. En dan moat dhr. Wieling de kloaten hawwe om Frysk te praten!

    Is it dy Hoooolanders yn de plasse slein?! Hja komme hjirre, hja wolle alles witte, hja meitsje de hype, hja hiene de tocht figuurlyk al útskreaun! En dan noch doarre te freegjen as it ek yn it Hoooolands kin!

    BAH!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic