Alvetûzen toeristen by it Sylter biikebrånen

woansdei 22 febrewaris 2012

WÄÄSTERLÖN – It biikebrånen yn Noard-Fryslân wurdt hieltyd mear in toeristyske attraksje, alteast op ‘e waadeilannen. Neffens Sylt Marketing wiene der tiisdeitejûn mar leafst alvetûzen toeristen op ‘e tradisjonele maitydsfjurren op Sal/Sylt ôfkommen. Neffens de eilanner tradysje begûn it feest, dat yn tsien plakken op it eilân holden waard, mei in fakkeloptocht. Toeristen wiene dêrby ek wolkom. De optocht einige by de moster, dy’t doe yn ljochte lôge set waard. Nei ôfrin fûnen de biikebrånenfierders harren paad nei de talrike kroegen op it eilân, dêr’t it tradisjonele biikemiel klearstie: boerekoal mei woarst.

Op Sint Piter (21 febrewaris) fiert Noard-Fryslân it biikebrånen. Elk doarp hat syn eigen tradysjes. In soad doarpen hawwe njonken de brânsteapel noch oare feestlike aktiviteiten, lykas toaniel en sjongen. Op de eilannen Feer, Oomram en Sal (Sylt) hawwe harren ferskate tradysjes ûntwikkele, lykas it besykjen om de houtbulten fan de oanbuorjende doarpen foar it feest te fernielen. Op de fêstewâl is yn de earste helte fan de 20e ieu mar in bytsje oan it biikefeest dien, mar nei de Twadde Wrâldoarloch is de tradysje fuortset.

Oer de oarsprong fan it biikebrånen besteane ferskillende teoryen. Mei de biike soe de kommende maaitiid ferwolkomme wurde. De striepoppe dy’t yn guon doarpen op de brânsteapel stiet, soe dan de winter foarstelle dy’t troch de waarmte fertard wurdt. Der wurdt ek wol tocht oan de biike as symboalyske fjoertoer, lichtwol as opfolger fan de primitive ljochtbeakens dy’t yn de 17e en 18e ieu opsmiten waarden foar de seefarders en benammen de protten manlju dy’t mei wiene op walfiskfeart. Dat soe de namme fan it feest (‘beaken baarne’) ferklearje.

(Mei tank oan Wikipedia)

Ek sjen:

  1. Noard-Fryslân fiert biikebrånen SYLT – Yn Noard-Fryslân wurdt moandeitejûn it biikebrånen fierd, it...
  2. Tarieding op Noard-Frysk Biikebrånen Trije kultuerorganisaasjes yn Noard-Fryslân ûnthjitte in swolch en in flaubyt...
  3. Sylter pyromaan foar it stekje FLENSBURCH – It Noard-Fryske waadeilân Sylt (Sal) wie fan ‘t...
  4. 21 febrewaris, in bysûndere dei Hjoed is it 21 febrewaris. Op dy dei bart der...
  5. Opnamen Polanski yn Noard-Fryslân De bekende Frânske regisseur Roman Polanski hat syn nije film...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic