Wetterblom 1e meartalich Catalpa-plak Drachten

moandei 6 febrewaris 2012

Op woansdei 15 febrewaris kriget bernedeiferbliuw De Wetterblom fan Catalpa Kinderopvang it sertifikaat “Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling”.

It sertifikaat wurdt oerlange troch frou Van der Aart, wethâlder fan ûnderwiis fan de gemeente Smellingerlân. Riemkje Pitstra, skriuwster fan de populêre Tomke-ferhaaltsjes, sil foarlêze, der komt in clown en in sirkwy mei alderhande berne-aktiviteiten.

Sûnt de oprjochting fan de earste lokaasje yn 2000 yn Ljouwert (Bernestate), is Catalpa Kinderopvang in foaroprinner yn it wurkjen mei in meartalich belied. Alle lokaasjes yn Ljouwert binne meartalich (Bernestate, Sinnebern en Bernelân). Fan de Catalpa-fêstigingen yn Drachten is De Wetterblom de earste dy’t sertifisearre wurdt as “Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling”. De lokaasjes Poppedijne en De Tovervis binne ûnderwilens ek begûn mei it trajekt.

De Wetterblom.
De Wetterblom hat har ûnderkommen yn it hert fan de brede skoalle oan de Drait. De dei-opfang fan de lokaasje beskikt oer trije groepensromten, in romme boartershal en in bûtenboartersplak.

Yn it gebou sitte ek twa basisskoallen, in pjutteboartersplak, de bûtenskoalske opfang (ek fan Catalpa), it konsultaasjeburo en it wyksintrum.

De provinsjale fisitaasjekommisje dy’t de kwaliteit fan it taalbelied beoardielet, is tige te sprekken oer de De Wetterblom: “De liedsters nimme de tiid om te reagearjen op reaksjes fan de bern en geane der goed en serieus op yn. Fan ‘e moarn hawwe wy in soad ynteraksje tusken bern en liedsters sjoen. Alle bern wurde belutsen by de aktiviteiten en de liedsters hâlde rekken mei it ferskil yn âldens en ûntwikkelingsnivo fan de bern… It ien-persoan-ien-taal-prinsipe wurdt konsekwint útfierd, tsjin de bern, mar likegoed ek tsjin elkoar… Fryske en Nederlânske (bewegings)ferskes wurde ôfwiksele. En ek al is it grutste part fan de bern Nederlânsktalich, se sjonge de Fryske ferskes mei fjoer en faasje… Wy binne rekke troch it entûsjasme en de ynset fan de liedsters oangeande it twatalige belied!”

Sertifisearring:
De Provinsje Fryslân stipet sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om de plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat sa’n taalbelied ynfierd hat, stiet op 110 en is noch altyd groeiende.

Drachten hat fiif twatalige bernedeiferbliuwen, dêrfan binne trije lokaasjes fan Catalpa.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt – neist it Nederlânsk – in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.

De Wetterblom wurket mei it ien-persoan-ien-taal-prinsipe: guon liedsters prate Frysk mei de bern en de oare liedsters konsekwint Nederlânsk.

Mei it meartalige belied wol Catalpa wat ekstra’s meijaan oan de bern; út ûndersyk oer de hiele wrâld docht bliken, dat bern dy’t har yn ‘e jonge jierren twa talen mûlriem meitsje, taalgefoeliger wurde en by it âlder wurden makliker frjemde talen leare.

Program:
om 14.30 oere: ûntfangst bern, âlden en gasten
sirka 14.35-15.30 oere: sirkwy
sirka 15.30-16.00 oere: kofje/tee mei in Fryske traktaasje
sirka 16.00 oere: oerlangjen fan it sertifikaat en ôfsluten

 

Ek sjen:

  1. Bernestate en Sinnebern wer sertifisearre Op 16 april krije twa bernesintra fan Catalpa yn Ljouwert,...
  2. Startpakket foar bern Woansdei 12 jannewaris presintearre Marike Elsinga, direkteur fan it Sintrum...
  3. Amarins Kindcentrum Droegeham sertifikaat “De Hamsterkes” twadde plak yn Achtkarspelen sertifisearre as “Pjutteboartersplak  foar...
  4. Philips komt werom nei Drachten Philips hellet de produksje fan skearapparaten werom út Sina en...
  5. Meartalich opbringen fan pjutten LJOUWERT/LEEUWARDEN, 7 april 2010 – It Mercator Europeesk Kennissintrum foar...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic