Buorlannen wolle Frânske kearnsintrale ticht

woansdei 22 febrewaris 2012

De kearnsintrale fan Cattenom

CATTENOM – De kearnsintrale yn it Frânske Cattenom hâldt steurings. De oerheden fan Lúksemburch en fan de Dútske dielsteaten Rynlân-Palts en Saarlân steane by it Frânske regear oan op sluting.

Cattenom leit yn Lotaringen, ticht by de grinzen mei Lúksemburch en Dútslân. Juster waard troch in steuring oan in generator in diel fan ‘e sintrale automatysk útskeakele. It is de 750e steuring yn it bestean fan de sintrale, dy’t yn 1986 yn gebrûk nommen waard. Neffens de behearder is der gjin gefaar, mar de omwenners wurde senuweftich fan it grutte tal technyske problemen yn ‘e sintrale.

Cattenom yn Frankryk

Ek sjen:

  1. Steuring yn Japanske kearnsintrale KASJIWAZAKY – Fannijs binne der swierrichheden mei in Japanske kearnsintrale....
  2. Frânske kearnsintrales net feilich PARYS – Yn 2010 hawwe der mear as tûzen ûngemakken...
  3. Nije ierdskok yn Japan FÛKÛSJIMA – In swiere ierdskok yn Japan hat fannijs foar...
  4. Frânske boarstfergrutter efter de traaljes MARSEILLE – Jean-Claude Mas, de Frânske fabrikant fan boarstfergruttings, is...
  5. Frânske radio wol mear Ingelske muzyk Radiostasjons yn Frankryk ha muoite om oan de ferplichte muzykkwota...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic