Alvestêdetocht mei mooglik makke troch…

moandei 6 febrewaris 2012

Al fan it begjin fan ‘e saneamde kjeldweach ôf is der in protte spekulaasje oer de mooglikheid dat de alvestêdetocht faaks dochs noch oangiet, en dat nei sa’n relatyf waarme winter. Dat leit fierder allegear oan de natoer, fansels, mar át it trochgean kin, sil dat mooglik makke wurde moatte troch in grut leger oan frijwilligers. Der moat op ‘e dei sels hiel wat dien wurde, mar ek no is der al hiel wat help nedich. Sa moat der fage wurde om al it iis sniefrij te krijen, bygelyks.

Sa sil in delegaasje fan de Feriening Foar Fryske Jongerein Bernlef, in studinteferiening yn Grins, moarn nei Starum om dêr it Rayon te helpen it iis klear te meitsjen foar gebrûk. Der binne mear minsken dy’t yn groepkes gean, en sa kinne je der ek in moaie dei fan meitsje mei-inoar.

Dat sjoch ris om jo hinne om te sjen wêr’t jo helpe kinne, jo wurde mei iepen earms ûntfongen.

It sil heve, mei jo help

It sil heve, mei jo help

Ek sjen:

  1. Leger yn it spier foar Alvestêdetocht Leger baanfaget foar Alvestêdetocht Goed fyftich soldaten feie woansdei de...
  2. Foarearst gjin Alvestêdetocht LJOUWERT – De 22 rayonhaden en it Alvestêdebestjoer ha woansdei...
  3. Hiele wrâld bepraat Alvestêdetocht Hollanners twitterje woansdei massaal oer ‘Friezen’ en ‘Elfstedentocht’. Beide wurden...
  4. Waarsferwachting en alvestêdetocht Wy fan it Nijs wolle net spekulearje oer in alvestêdetocht....
  5. Fergunnings alvestêdetocht klear LJOUWERT – De earste froast is mar krekt yn it...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic