Foarearst gjin Alvestêdetocht
woansdei 8 febrewaris 2012LJOUWERT – De 22 rayonhaden en it Alvestêdebestjoer ha woansdei unanym besletten dat it iis te tin is foar it útskriuwen fan in Alvestêdetocht. Boppedat is it iis op guon plakken te min fan kwaliteit. Ek de waarsferwachting is net goed, sa sei foarsitter Wiebe Wieling. “Dêrom is ús unanime beslút: it kin net.” It wie in dreech beslút, sa sei Wieling, want der is de lêste dagen hurd wurke oan it ferbetterjen fan de rûte. Wy wolle hiel graach, mar feiligens stiet foar ús foarop. De 22 rayonhaden komme foarearst net wer byinoar.
De Alvestêdeferiening is ‘grutsk op Fryslân’ en benammen grutsk op alle frijwilligers dy’t harren de ôfrûne dagen ynset hawwe foar in mooglike Alvestêdetocht. Dat sei foarsitter Wieling. De ôfrûne dagen hawwe in soad minsken dwaande west mei it sniefrij meitsjen fan de 200 kilometer lange rûte. It bestjoer fan de feriening hie de ôfrûne dagen net graach misse wollen.
(Boarne: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk Alvestêdetocht soarget foar mear Frysk, no mar hoopje dat er...
- Boate-alvestêdetocht begûn LJOUWERT – Hûnderten motorboaten, sloepen en kano’s farre dizze wike...
- Leger yn it spier foar Alvestêdetocht Leger baanfaget foar Alvestêdetocht Goed fyftich soldaten feie woansdei de...
- Vuelta wol Alvestêdetocht ynliivje De Vuelta fan 2015, de omgong fan Spanje – dy’t...
- It Amelân foarearst ret fan ‘e see IT AMELÂN – Rykswettersteat is klear mei it opspuitsjen fan...









Nanne
8 febrewaris 2012 22:37
It giet oer!
Daan
9 febrewaris 2012 00:20
Foar neat fage..
:p
mar it wie wol leuk
Lútsen
10 febrewaris 2012 20:00
Iets leuk vinden = der nocht oan ha.