Fryske domeinnamme .frl komt der net

woansdei 8 febrewaris 2012

LJOUWERT – De Fryske domeinnamme .frl komt der net. Neffens Provinsjale Steaten is der tefolle ûndúdlikheid oer de kosten en opbringsten fan in eigen domeinnamme. It is noch altyd net dúdlik wat in partikulier betelje moat foar in domeinnamme mei .frl.

D66 en GrienLinks hawwe alternativen betocht. Dy alternativen wurde ûndersocht troch de amtners fan de provinsje.

Fraach is wol wat der no bart mei it jild dat reservearre is foar de domeinnamme: sil it nei de algemiene reserves of bliuwt it labele om de Fryske taal te stimulearjen?

Ek sjen:

  1. Goed nijs foar Fryslân: in eigen domeinnamme De ekonomy wurdt stimulearre troch in eigen domeinnamme, sa stelle...
  2. Der komt in Frysk Grien Boekje LJOUWERT – Der komt in digitaal Grien Boekje foar de...
  3. Fryske boeken:mear jild nedich It Skriuwersboun fynt dat it nije kolleezje fan deputearre steaten...
  4. Fryske ekonomy waakst stadich LJOUWERT – De ekonomy fan Fryslân waakst minder hurd as...
  5. Wurdboek fan de Fryske Taal online LJOUWERT – It Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) stiet...

1 reaksje op “Fryske domeinnamme .frl komt der net”


  1. wirbel
    8 febrewaris 2012 20:41

    At Fryslân autonoom wurd komt it der drekst. Mar it soe no al in moaie stap west ha. Bin benijd wêrom it dan te djoer wie.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic