Gjin Grinslanner brânwacht by Fryske brân
tiisdei 21 febrewaris 2012
LJOUWERT – De brânwacht fan Grinslân komt net mear te blussen yn doarpen yn Fryslân. De feroarings sa’t dy yn desimber trochfierd waarden, wurde sa goed as allegear weromdraaid.
By de start fan ‘e meldkeamer yn Drachten waard sjoen nei de oanrydtiden. Ut berekkenings die bliken dat in brân yn Strobos flugger blust wurde koe troch de brânwacht fan Gryptsjerk.De frijwilligers fan de brânwacht en ek in soad boargemasters kaam dat oer it mad. De feroarings binne no wer weromdraaid.
By oerlis die bliken dat de berekkenings fan ‘e oanrydtiden yn Fryslân en Grinslân ferskillend wiene. Dat wurdt no rjochtlutsen. Der bliuwe no noch mar in pear plakken oer dêr’t korpsen út in buorprovinsje de earste útruk dogge.
(Tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:
- Brânwacht yn 2008 flugger De brânwacht is by skoarstien- en binnenbrannen flugger teplak. Skoarstienbrannen...
- Brânwacht ûngerêst om droechte HILVERSUM – De Nederlânske brânwacht is ekstra wach op brannen...
- Grutte brân yn Harns (update) HARNS – By it spekjefabryk fan Astra Faam yn Harns...
- Brân stifte yn ‘e Wâlden Der hat moandei brân west yn in natuergebiet by De...
- Brân op ‘e Lemmer (update) DE LEMMER – Der lôge tiisdeitejûn in grutte brân by...








