Grikelân op it rântsje
snein 5 febrewaris 2012Grikelân moat yn tûzen hasten ekonomyske herfoarmingen trochfiere, oars kriget it lân gjin help mear fan de Europeeske Uny en wankt der in bankrot. De Grykske regearing moat hjoed besykje om EU, IMF en de ECB derfan te oertsjûgjen dat Grikelân genôch docht en yn de nominaasje komt foar in nije needliening.
Der wurdt sein dat Grikelân akkoarte hat mei private partijen, dy’t de helte of mear fan harren Grykske steatsskulden ôfskriuwe. De EU wol mear tasizzingen fan Grikelân om mear te herfoarmjen. It minimumlean soe omleech moatte, de fêste útkearing foar wurknimmers wurdt skrast en de arbeidsmerk soe mear liberalisearre wurde moatte. De maatregels lizze fansels polityk gefoelich.
It liket derop dat Grikelân gjin kar hat. Sûnder tasizzings krije se gjin jild en sil it lân fallyt gean.
Ek sjen:
- Grikelân fiert ûnreplikguodbelesting yn ATENE – Grikelân sil de kommende twa jier belesting heffe...
- Grikelân kin jild liene Mocht de kniper op ‘e skine komme, dan kin Grikelân...
- Miljarden foar Grikelân ATENE – Grikelân sil it kommende jier tritich miljard euro...
- Merkel: Grikelân stimt oer de euro CANNES – Grikelân moat miskien út de eurosône. Dat hat...
- Ynearsten gjin jild mear foar Grikelân Grikelân kriget ynearsten gjin nije liening fan 130 miljard euro....








