Grutte demonstraasje Frânske taalminderheden
woansdei 8 febrewaris 2012
KEMPER/QUIMPER – Op 31 maart komme de taalminderheden yn Frankryk manmachtich yn opstân tsjin de Frânske taalpolityk, dy’t de minderheidstalen amper in rol yn it iepenbiere libben tastiet. Oan de demonstraasjes, dy’t op acht plakken yn it lân holden wurde, dogge Bretonnen, Korsikanen, Dútsktaligen út de Elzas en Lotaringen, Oksitanen, Katalanen, Basken en praters fan de Guyaanske kreoaltalen mei. De demonstraasjes wurde organisearre troch in ferskaat oan kulturele organisaasjes, wêrûnder de Frânske ôfdieling fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen. De Frânske steat ferpoft it al jierren en ratifisearje it Europeesk hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden.
De taalorganisaasjes wolle de kommende tiid ek prate mei de kandidaten foar it Frânske presidintskip. De Frânsen kieze yn twa omgongen yn april en maaie in nije presidint. De organisaasjes roppe de praters fan minderheidstalen op om te stimmen op in kandidaat dy’t de posysje fan de lytse talen yn Frankryk ferbetterje wol.
Ek sjen:
- Frânske radio wol mear Ingelske muzyk Radiostasjons yn Frankryk ha muoite om oan de ferplichte muzykkwota...
- Frânske kearnsintrales net feilich PARYS – Yn 2010 hawwe der mear as tûzen ûngemakken...
- Frankryk en taalminderheden De populariteit fan Sarkozy is nochal oan it sakjen. Om...
- Taalminderheden befuotbalje inoar by de Sorben BERLYN – Der binne in soad fuotbalkampioenskippen, tusken fuotbalklups, tusken...
- Frânske boarstfergrutter efter de traaljes MARSEILLE – Jean-Claude Mas, de Frânske fabrikant fan boarstfergruttings, is...









Daan
8 febrewaris 2012 16:09
Prachtich. Komme de Frânsen der ek ris efter dat der mear talen besteane as allinnich it Frânsk.
“Vraiment?” 0_o’