Hubble ûntdekt in wetterplaneet

tongersdei 23 febrewaris 2012

GJ 1214b

CAMBRIDGE – Op in ôfstân fan fjirtich ljochtjierren by de ierde wei stiet in planeet dy’t foar in grut part út wetter bestiet. Dat hawwe Amerikaanske stjerrekundigen ûntdutsen. It giet om in himellichem mei de technyske namme GJ 1214b. De planeet is likernôch tweintich kear sa grut as ús ierde.

“GJ 1214b liket op net ien oare planeet dy’t wy kenne”, seit ûndersykslieder Zachory Berta. “Alle oare bekende planeten besteane út stien, gas of iis.” Hy ferdútst dat it wetter op ‘e planeet der hiel oars útsjen kin as op ‘e ierde: “De hege temperatueren en de hege druk op ‘e planeet kinne nuversoartige stoffen foarmje, lykas ‘hjit iis’ en ‘superfloeiber wetter’. Dat binne stoffen dy’t wy hjir nea tsjinkomme.”

De stjerrekundigen hiene yn 2010 al it fermoeden dat der wetter op GJ 1214b wêze koe, mar oant no ta wie dat net mear as in fermoeden. Stúdzjes mei de teleskoop Hubble hawwe no útwiisd dat der wetterdamp boppe de planeet hinget, in oertsjûgjend bewiis foar de oanwêzigens fan wetter. De planeet hat in frij lytse kearn fan metalen mei in soad wetter deromhinne. Dat is by de kearn beferzen, dêromhinne floeiber en oan ‘e rânen hinget in tsjokke laach wetterdamp, dy’t soms wol 190 graden Celsius wurde kinne. Dêromhinne hinget noch in atmosfear fan helium en wetterstof.

De ûntdekking is namste spektakulêrder, om’t de measte libbensfoarmen op ierde ôfhinklik binne fan wetter. It is dêrom mooglik dat der op GJ 1214b libben foarkomt dat oerienkomsten hat mei dat op ‘e ierde.

Ek sjen:

  1. Russyske satellyt stoart del op ierde MOSKOU – De Russyske satellyt Fobos-groent sil ynkoarten op ‘e...
  2. Hjoed 58 jier lyn: Edwin Hubble ferstoarn Edwin Powell Hubble (Marshfield (Missoury), 20 novimber 1889 – San...
  3. Dútske satellyt past op ierde BREMEN – Meteoriten dy’t op ierde stoarte en alle libben...
  4. Hubble-teleskoop makket foto’s De Amerikaanske Hubble-teleskoop hat de ierste foto makke dy’t ea...
  5. Fenus draait justjes stadiger PARYS – De planeet Fenus draait hjoed de dei justjes...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic