In ‘veelschrijver’ is noch gjin folleskriuwer!
freed 24 febrewaris 2012
Sjoch ris nei it neikommende rychje wurden út it Hollânsk:
Veelbetekenend
Veelschrijver
Veelvoud
Veelvormig
Set se noris stik foar stik letterlik oer yn it Frysk:
*Follebetsjuttend
*Folleskriuwer
*Follefâld
*Follefoarmich
Au, au, dat docht in minske sear oan ‘e earen. Dêrom ha ik mar in stjer foar al dy minne wurden set. It sil jim dúdlik wêze: it Hollânsk hat gearstallingen mei veel-, mar it Frysk hat gjin gearstallingen mei folle-. Wat dat oanbelanget liket it Frysk ek wol op it Ingelsk, dat ek net rij is mei gearstallingen mei much, de wjergader fan folle en veel:
*Much meaning
*Much writer
*Muchfold
*Much foarmy
It Dútsk hat wol wer in protte gearstallingen mei viel:
Vielbedeutend
Vielschreiber
Vielfache
Vielförmig
Fansels, ik ha de foarbylden mei sin keazen. Fansels, it Ingelsk hat in hiel oar wurd (much / many) foar in grutte hoemannichte (“hoeveelheid”) as it Hollânsk, it Dútsk en it Frysk. Mar as wy sjogge nei de gearstallingen mei it wurd dat in grutte hoemannichte oantsjut, dan misse dy it Frysk. Yn it Ingelsk komme se inkeldris foar, wylst se yn it Hollânsk en it Dútsk hiel gewoan binne.
Om gearstallingen lykas veelzeggend oer te setten moat men yn it Frysk gauris in sintsje brûke mei in protte of hiel wat deryn:
Veelzeggende cijfers Sifers dy’t hiel wat sizze
Een veeleisende baas In baas dy’t in protte fan jin ferget
Yn guon gefallen is it ek mooglik en brûk in gearstalling mei mear-:
Een veelkoppig monster In mearkoppich meunster
Veelwijverij Mearwiverij
Een veelzijdig man In mearsidich man, of sels, in alsidich man
Veelgodendom Meargoaderij
Mear witte oer dit ferskynsel? Ik ha der sels (as ik it frij nimme mei) in wittenskiplik artikel oer skreaun, dat te finen is yn It Beaken (2010: 55 en fierder), it blêd fan ‘e Fryske Akademy. It is yn te sjen op Tresoar, of op ynternet.
Eric Hoekstra, Fryske Akademy








‘Standertwurdlist wurdt gaos’ (6)
Foarlêze yn it Frysk oan pjutten (2)
Foarlêze yn it Frysk oan pjutten (2)
‘Thialf leit der út…’ (4)
‘Thialf leit der út…’ (4)
Frijheid (2)
‘Thialf leit der út…’ (4)
‘Thialf leit der út…’ (4)