Iran wol minder oalje útfiere

sneon 4 febrewaris 2012

Iran besiket de krisis yn Europa slimmer te meitsjen. It lân hat oankundige minder oalje nei Euro eksportearje te sillen. Iran wol noch net sizze hokke lannen krekt minder oalje krije. Yn de Europeeske Uny binne Itaalje en Grikelân grutte ôfnimmers fan Iraanske oalje. Iran docht dizze set, om’t Europa de ynfier fan oalje út Iran stilsette wol.

De Feriene Steaten kinne it mei it foarnimmen fan Iran wol lykfine. Dat soe betsjutte: minder ynkomsten en alsa in minder grutte kâns op in kearnbom.

Ek sjen:

  1. EU-boykot fan oalje út Iran BRUSSEL – De Europeeske Uny stelt in oaljeboykot yn tsjin...
  2. Fleanramp yn Iran TEHERAN – Yn Iran is snein in fleanmasine mei mear...
  3. Iran drok dwaande mei nukleêre bom Pakistan, Noard-Korea en in wapenspesjalist út de eardere Sowjet-Uny hawwe...
  4. Nije sanksjes tsjin Iran Sanksjes foaral rjochte op sake-ymperium fan Revolúsjonêre Garde, ien fan...
  5. Iran ferbiedt kontakt mei bûtenlân It regear fan Iran hat boargers ferbean om kontakt te...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic