It giet oan yn augustus!

tiisdei 21 febrewaris 2012

Op 31 augustus 2012 start de earste MTB-maraton foar teams fan twa persoanen yn it histoaryske sintrum fan Dokkum. It begjin fan twa en in heale dei fytsen oer benammen ûnferhurde wegen, by de alve histoaryske binnenstêden fan Fryslân lâns. In evenemint sawol foar profesjonele as amateurteams fan twa fytsers.

It idee efter dizze maraton is in tocht foar teams fan twa persoanen dy’t yn trije ferskillende etappes in rûte fytse by de alve Fryske stêden lâns. De rûte giet benammen oer ûnferhurde wegen. Der kinne op syn heechst 750 teams fan twa persoanen meidwaan. De rûte fan 260 km is opdield yn trije stikken mei twa oernachtings, ien yn Ljouwert en ien yn ’e omkriten fan Starum. De finish fan de maraton is yn Dokkum. Der wurdt yn klasseminten fytst: overall, manlju elite en masters, froulju elite en masters of mixed elite en masters.

De klasseminten binne basearre op de leeftiid fan it âldste teamlid. Copini Buitensport BV út Ljouwert organisearret dizze alvestêdetocht foar mountainbikers. It idee om sa’n tocht te organisearjen libbe al hiel lang en no komt dy dream sawol foar de organisators as foar in protte mountainbikers út. In unike tocht troch it prachtige Fryske lânskip oer ûnferhurde wegen. It is, sa’t de organisators sels sizze, “in waansinnige útdaging yn in geweldige omjouwing!”

De ynskriuwing begjint op 15 febrewaris en slút op 30 july 2012 of sadree’t it maksimale tal teams berikt is. De minimumleeftiid om mei te dwaan is 18 jier.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.11steden-mtbmarathon.nl.

Ek sjen:

  1. De Alvestêdetocht 2012 GIET OAN! Dit jier sil der wol net Alvestêdetocht foar Fryslân en...
  2. IT GIET OAN! Dit jier sil der wol net in Alvestêdetocht riden wurde....
  3. Reedriders Stuut en Michaud read De reedriders Sandor Stuut en Cedric Michaud hawwe sneon yn...
  4. Fryske tsjerketsjinst 15 augustus 2010 Tersoal Prot. gem. Lege Geaën: 9.30 o. dû. J.G.Majoor...
  5. Fryske tsjerketsjinsten 14 augustus 2011 Burgum Krústsjerke, 19.00 o., ds. A. Elverdink Dokkum De Fontein,...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic