It sil heve: Donald Duck yn it Frysk

moandei 6 febrewaris 2012

Nei it Hollânsktalige Fryslânnûmer fan Donald Duck ferskynt heal april in folslein Frysktalige Donald Duck. Mei de tariedings foar it Fryslânnûmer, dat yn jannewaris by útjouwer Sanoma ferskynde, wiene al kontakten lein mei Fryslân Marketing/Fan Fryslân en de Afûk. ‘In Frysktalige Duck wie al gau punt fan petear en no is it safier: it sil heve,’ fertelt Sjoukje Jager fan de Afûk.

Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal njoggen yn it Frysk oersetten strips fan de ferneamde ein. Dêr hearre de strips dy’t spesjaal foar it Fryslânnûmer makke binne by, mar ek in tal âldere strips dy’t goed yn it Fryske nûmer passe. De Fryske oersetting makket it hielendal kompleet. Anne Tjerk Popkema, dy’t de oersetting fersoarge hat, is der hiel goed yn slagge om de ferhalen troch de taal noch mear nei Fryslân ta te heljen, ynklusyf de typyske Donald Duck wurdgrapkes.

De Fryske Donald Duck sil fan heal april ôf op safolle mooglik plakken yn Fryslân te keap wêze.

Ek sjen:

  1. Fryske Donald Duck krijt werprinting Nei trije ferkeapdagen is de Fryske Donald Duck sa’n grut...
  2. Fryske Donald Duck grut sukses Alle 30.000 (tritichtûzen!) eksimplaren fan de Fryske Donald Duck binne...
  3. Fryske Donald Duck fan freed 13 april ôf rûnom yn Fryslân te keap Nei it suksesfolle Nederlânsktalige Fryslânnûmer fan ‘een vrolijk weekblad’ is...
  4. Donald Duck yn Fryslân Klik_hjir_foar_mear_ynformaasje....
  5. Nij: koarte kursus Frysk skriuwen LJOUWERT – De Afûk yn Ljouwert begjint yn febrewaris mei...

3 reaksjes op “It sil heve: Donald Duck yn it Frysk”


  1. Daan
    6 febrewaris 2012 17:30

    PRACH-TICH :D


  2. Triarii
    6 febrewaris 2012 22:28

    De takomst berêst by de jonkheid, dy’t it Frysk sa goed oanleare kin en grif skielk wer trochjaan.
    Mar ik sil ‘m ek oantuge!


  3. mbc84
    7 febrewaris 2012 11:02

    soe moai wêze at dizze oersette Donald Duck ferspraat wurdt ûnder alle skoallen yn Fryslân!

    jit moaier soe wêze at it net by ien útjefte bliuwt! doch ynearsten in moanlikse útjefte, en at it súkses hat, eltse wike!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic