Kneppelje en opsluting foar Katalaansk praten

woansdei 8 febrewaris 2012

BARCELONA – It regear fan de regio Kataloanië hat in protestbrief stjoerd nei it Spaanske regear yn Madrid. It brief befettet in fûle oanklacht tsjin de Spaanske maresjausee op it fleanfjild fan Prat yn Kataloanië. In maresjausee hat ferline wike in jonge Katalaan mei in kneppel slein en opsletten doe’t dy wegere om fragen fan de kontrolearjende maresjausee yn it Spaansk te beänderjen.

De Spaanske Guardia Civil is berucht. De taken derfan binne te ferlykjen mei dy fan de Nederlânske maresjausee, mar de leden hawwe de reputaasje fan fjochtersbazen. Om foar te kommen dat hja befreone reitsje mei de befolking wenje se yn kazernes en wurde se stasjonearre op plakken fier fan har berteplak. As se in relaasje krije mei in frou út de streek dêr’t se wurkje, dan wurde se oerpleatst nei in oar gebiet ta. Dêrtroch wurde de Katalaanske fleanfjilden bewekke troch minsken dy’t net út Kataloanië komme en der gjin bân mei hawwe.

Ferline wike woe in 27-jierrige abbekaat út Barcelona yn Prat op it fleantúch stappe. Hy moast by de kontrôle troch in metaaldetektor en de maresjausee fan tsjinst stelde him yn it Spaansk in pear fragen. Hy andere dêrop yn it Katalaansk. De maresjausee waard lilk en hiet de man om Spaansk te praten, mar dy wegere dat mei in berop op syn rjocht om yn Kataloanië tsjin oerheidsfunksjonarissen Katalaansk te praten. De bewekker helle doe út mei in kneppel en raasde, ta skrik fan oare reizgers en ek fan syn ûndergeskikte: “Praat nochris Katalaansk ast de goare moed hast!” en “Smoarge bûtenlanner!”. De abbekaat waard dêrnei in pear oeren yn in arrestanteferbliuw set en der waard proses-ferbaal tsjin him opmakke foar mislediging fan in amtner yn funksje en lytsachtsjen fan de plysje.

It is net de earste kear dat de Guardia Civil agressyf reagearret op Katalaanskpratende reizgers. Yn 2010 waard in reizger troch in bewekker útskeld foar “baarch” doe’t er Katalaansk prate en yn 2011 waard in bewekker feroardiele ta in boete fan 1200 euro om’t er in reizger opsletten hie dy’t him yn it Katalaansk te wurd stie.

Yn Kataloanië is mei grutte lilkens reagearre op it foarfal. It slachtoffer wol in rjochtssaak tsjin de oanbelangjende maresjausee oanspanne.

Ek sjen:

  1. Katalaansk ferset tsjin twatalich ûnderwiis BARCELONA – “It ûnderwiis yn Kataloanië bliuwt ientalich Katalaansk.” Dat...
  2. Katalaansk ûnderwiis moat twatalich wurde BARCELONA – Alle skoallen yn Kataloanië moatte twatalich wurde. Dat...
  3. Boetes as Katalaansk ûntbrekt BARCELONA – It regear fan Kataloanië hat it ôfrûne jier...
  4. Leaver Katalaansk as Ingelsk VALENCIA – De Spaanske dielsteat Falensia kriget gjin twatalich ûnderwiis....
  5. Kataloanië moat Spaansktalich ûnderwiis jaan BARCELONA – Trije Spaansktalige hûshâldens yn Kataloanië hawwe rjocht op...

2 reaksjes op “Kneppelje en opsluting foar Katalaansk praten”


  1. Stijn
    8 febrewaris 2012 11:51

    Wat is er mis met: “Het spijt me maar ik versta u niet, zou u mij in het Spaans willen aanspreken alstublieft?”


  2. Ferjo
    8 febrewaris 2012 12:43

    of gewoan sizze fan: Ik ferstean jo net, in momint, ik helje der in kollega by dy’t jo helpe sil.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic