La mademoiselle est morte, vive la madame!
tongersdei 23 febrewaris 2012
PARYS – “Met je mademoiselles, belles belles belles”. De ûnferjitlike rigel út Toon Hermans syn Méditerranée is aansen ynienen âldmoadrich. It wurd ‘mademoiselle’ ferdwynt nammentlik út it offisjele Frânsk. De Frânske oerheid hat besletten om de oansprektitel ferfalle te litten. Alle froulju – troud en net troud – wurde tenei ‘madame’ neamd. Net troude froulju moasten op offisjele formulieren altyd as oansprektitel ‘mademoiselle’ opjaan, ta lilkens fan feministyske organisaasjes, dy’t it ûnearlik fûnen dat froulju ferriede moasten oft se boaske wiene, wylst manlju altyd mei ‘monsieur’ folstean koene.
No’t ‘mademoiselle’ út de offisjele taal ferdwynt, sil it wurd skielk wol itselde paad gean as it Fryske ‘joffer’, it Hollânske ‘juffrouw’ en it Dútske ‘Fräulein’, dy’t alle trije út de libbene sprektaal wei binne.
Ek sjen:
- Alderein lokkiger as jongerein Manlju binne it fleurichst as se in jier as sechstich...
- Arabyske froulju driigje mei boarsten RIAAD – Men moat it islamitysk rjocht fansels net altyd...
- Frouljustrien ferslacht pystigens REHOVOT – Gûlende froulju meitsje manlju twer. Yn frouljustriennen sit...
- Froulju, manlju en djoere auto’s HOUSTON – In djoer horloazje of in sportauto makket in...
- Frou ken mear wurden, man praat mear MANCHESTER – Froulju soene mear prate as manlju, sa wol...








