Mjêkje yn tongslaggen

snein 19 febrewaris 2012

Krekt as by minsken is by geiten te hearren wêr’t se wei komme. Soks docht bliken út ûndersyk oan bletterjen fan geitelammen dat ôfrûne wike publisearre is yn it blêd Animal Behaviour. Elodie Briefer en Alan McAlligott fan de Queen Mary Universiteit fan Londen raffelen it mjêkjen fan lammen fan ien wike en fiif wiken (de leeftyd dat geiten harren by de groep jouwe) mei kompjûterprogrammatuer útinoar yn 23 komponinten, lykas lingte en toanhichte fan de lûden. Frou Briefer sei tsjin de BBC: “Wy hawwe útfigelearre dat genetysk besibbe lammen wakker itselde mekkerje. Mar lammen yn deselde sosjale groep mêkje ek op gelikense wize en de lûden lykje mei it âlder wurden mear op inoar. Dat suggerearret dat geiten harren balt oan harren sosjale fermidden oanpasse en sadwaande wjerbyldige tongslaggen ûntwikkelje.” De ûndersykster tinkt dat dêrtroch in groepsgefoel ûntstiet mei ynterne koheezje en ûnderskied foar oare groepen oer. “Dat is spesjaal wichtich foar geiten om’t dy yn komplekse sosjale groepen tahâlde dy’t oerdei opspjalte en jûns wer by elkoar komme.” Dat, wat it lûd fan bisten oanbelanget, kinne genetyske faktoaren wolris minder beskiedend wêze as earder tocht, wylst it fermogen om lûden oan te learen yn it bisteryk just folle wider ferspraat is.

Ek sjen:

  1. Meartalichheid goed foar de harsens Is meartalichheid goed foar it brein? Undersikers fan de universiteit...
  2. Izersterke geitemolke LARAMIE – Amerikaanske wittenskippers hawwe geiten fokt dy’t in hiel...
  3. In sosjale mangel yn ‘e holle BOSTON – Twa útstulpinkjes oan ‘e efterkant fan it minsklike...
  4. Twataligen binne sûner as ientaligen PALO ALTO – Ientalige minsken binne trochinoar minder sûn as...
  5. Geweldsspultsjes min foar selsbehearsking INDIANAPOLIS – De harsens fan minsken dy’t gewelddiedige kompjûterspultsjes dogge,...

1 reaksje op “Mjêkje yn tongslaggen”


  1. Henk Bijma
    19 febrewaris 2012 22:42

    Goed nijs om te lezen dat de fryske geit ek echt Frysk mjekt; en dat d’r dus ek bildtse, waldpyk en klaaigeiten binne!!!

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic