Neutrino’s faaks dochs stadiger as ljocht

tongersdei 23 febrewaris 2012

GENÈVE – Meiwurkers fan it Switserske ûndersyksynstitút CERN hawwe in flater yn de apparatuer ûntdutsen dêr’t ferline jier de faasje fan neutrinodieltsjes mei metten waard. De flater kin ferantwurdlik wêze foar de ûnbegryplike fluggens fan de dieltsjes. Dy soene neffens de mjitting flugger gean as it ljocht, wylst soks neffens de moderne natuerkunde ûnmooglik is. Net ien begriep dan ek hoe’t se sa fluch wêze koene.

De dieltsjes waarden fan Genève nei Gran Sasso yn Italië ta sketten. De steuring soe sitte yn de apperatuer dy’t de oankomsttiid yn Gran Sasso meat. De apparatuer wurdt no reparearre. Letter dit jier wurdt it eksperimint nochris dien. Dan sil bliken dwaan oft de dieltsjes wier flugger binne as it ljocht en oft de natuerkundige wetten echt jildich binne.

 

Ek sjen:

  1. Neutrino’s wer flugger as it ljocht GENEVE – It Switserske ûndersyksynstitút CERN hat fannijs dieltsjes fûn...
  2. Manipulearre mûs rûkt ljocht CAMBRIDGE – Wa’t in klap op ‘e holle kriget, sjocht...
  3. Bern leare mear by blau ljocht YNSKE – Bern leare better by klearblau as by giel...
  4. Bus faaks troch DVD ferûngemakke? Fyftjin by it busûnk yn Switserlân ferwûne bern, dy’t repatriearre...
  5. Koalemynarbeiders dochs dea Nei in twadde eksploazje, dy’t fûler wie as de earste,...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic