Nijswebsiden hieltyd populêrder
woansdei 22 febrewaris 2012
AMSTERDAM – Minsken yn Nederlân lêze it nijs hieltyd faker op ynternet. Yn 2011 seagen 7 miljoen Nederlanners ienris of faker yn ‘e moanne op in nijswebstee. Yn 2010 wiene dat noch 6,7 miljoen minsken. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Stichting Internet Reclame (STIR).
Sa’n 80% fan ‘e Nederlânske befolking fan trettjin jier en âlder sjocht wolris op it webstee fan in krante. It webstee fan De Telegraaf wie mei 3,6 miljoen besikers yn ‘e moanne fierwei it populêrst.
Ek sjen:
- Chrome populêrder as Firefox De ynternetblêder Chrome is konkurrint Firefox foarby. Dat docht bliken...
- Hieltyd mear seehûnen op it Waad WEINUM – De seehûnen yn ‘e Waadsee dogge it mar...
- New Kids, Gooise Vrouwen: topjier As it miswierret mei de ekonomy, pakke minsken faker in...
- Firefox populêrder as Explorer Internet Explorer is net langer de populêrste ynternetsneuper yn Europa....
- Skylge wurdt hieltyd lytser SKYLGE – Skylgers meitsje harren der soargen oer dat it...








