Noch nea sa’n bytsje smokers
woansdei 22 febrewaris 2012
In oanpart smokers op ‘e Nederlânske befolking hat jitte nea sa lyts west as no. Dat docht de stifting Stivoro te witten. Yn de jierren ’50 smookte likernôch 70% fan ‘e minsken. Hjoed de dei is dat sa’n 25% fan ‘e minsken boppe de fyftjin jier. It persintaazje smokers siet in pear jier op 28%, mar gie ferline jier noch in pear persint fierder omleech doe’t syktekostefersekerders kursussen om op te hâlden mei smoken yn harren basispakket opnamen.
Stivoro is der benaud foar dat it oanpart smokers wer tanimt as de kabinetsplannen trochgeane. It kabinet wol medisinen om fan ‘e smokerij ôf te bliuwen út it basispakket helje.
Ek sjen:
- Smoken makket dom Smokers binne dommer as net-smokers. Dat docht bliken út resint...
- Ôfgryslike besunigings op antysmookbelied Minister Edith Schippers fan Folkssûnens hat de stifting Stivoro te...
- Minne gewoanten bestride is dreech Der komme alle jierren mear fierste grouwe minsken by. It...
- Regear snijt yn soarch DE HAACH – It Nederlânske regear wol tige snije yn...
- “Meismoke” tige noedlik LONDEN – It ynazemjen fan in oar syn sigarettereek is...








