Skytmerakels
tongersdei 9 febrewaris 2012
As ien it perfoarst net mei immen iens is, soed er fan lulkens sizze kinne: ‘Ah ju, skyt omheech’. Dat heart rûch en sa is it yn sa’n gefal ek bedoeld. It tiidwurd skite wurdt – al hoe wichtich oft dy aktiviteit ek is – as ûnfoech beskôge. Sa kin it suver as flokwurd brûkt wurde. Mar it kin ek oars, sels tige posityf: is ‘gelokskiter’ net in moai Frysk wurd foar it Hollânske ‘bofkont’?
boarne: www.taalbaas.blogspot.com
Ek sjen:
- It Fryske dialekt by RTL De Nieuwsquiz fan RTL is bedoeld om minsken neigean...
- Mei Tomke op ‘e foto LJOUWERT – De Fryske bibleteken hawwe mei-inoar in nije aktiviteit...
- Taaldoarp, foar skoallen Yn de moannen septimber, oktober en novimber fan dit jier...
- ‘A Germanic dialect spoken in Fresia’ LONDEN – It minderhedesjongfestival Liet Ynternasjonaal mei Fryske winneresse Janna...
- Wedstryd: betink it moaiste gévisme GRINS - Nei de syktocht nei it moaiste en it langste...









Jens
10 febrewaris 2012 10:18
In lytse skiter is meast in hiel leaf mantsje.
Wurdt it tiidwurd ‘skite’ faaks as ûnfoech beskôge ûnder ynfloed fan it Hollânsk, en dêrtroch ferfongen troch ‘poepe’?
Krekt lyk as in wiif tsjintwurdich net mear bestiet, en pisje ek amper mear dien wurdt?
ids talen
10 febrewaris 2012 10:36
Ik bin it hielendal mei Jens iens. Ik sis gauris tsjin myn famke-pakesizzer “myn lytse skiterke”. Dan krij ik as antwurd fan har: “Ja, ik bin pake syn lytse skiterke”. It is mar krekt wat oft jo wend binne en hokker konotaasje in wurd yn it gebrúk krijt. In wurd dat leaf bedoeld en ek sa begrepen wurd, dêr is neat mis mei. Dat soks kin hielendal net iens rûch wêze…Mar boppedat, yn it Frysk binne guon wurden folle moaier as nederlandse. Want is it wurd ‘Gelokskiter’ no net folle moaier as ‘Bofkont’…?