Tomke is in foarlik jonkje
tongersdei 9 febrewaris 2012
Mar hy praat wolris wat te hastich. No fine de bern dat Kornelia fermeagerje moat, want de trui past har net mear. Se leit him op tafel. Ba, wêrom net op stoel of op flier! Dat komt miskien, Tomke syn heit is altyd op see, dêrom sjogge wy him ek net.
Mar de trui is krompen yn’e wask, dêr komt it fan. ‘No, dan meisto ek in koekje!’ Ja, fan my mei se ek wol in koekje ha, mar of se dat noch mei, no’t it sa âld is?
De folsleine tekst stiet hjirre. Fierdere ynfo op http://www.tomke.nl/
Pyt.
Ek sjen:
- Tomke 15 jier! Feest by Aqua Zoo It is safier! Moarn fiert Tomke feest by Aqua Zoo...
- Tomke no ek op de iPad! De ferhalen fan Tomke binne no ek beskikber foar de...
- Mear Tomke! Yn ferbân mei de driigjende besunigings hat de Omrop sein...
- Tomke fergees te krijen Fan 19 jannewaris ôf is yn alle fêste bibleteken it...
- Tomke-boekje no fergees yn de bibleteek LJOUWERT – Mei yngong fan hjoed lizze de nije Tomke-boekjes...









Lútsen
10 febrewaris 2012 19:22
Pyt hat gelyk. Frou Peanstra: it is oerset Hollânsk! En wat betsjutte de wurden ‘dik’ en ‘achter’? Dat is gjin Frysk. Ik soe sizze: Kornelia wurdt te swier. In beam is ‘grou’, sjerp is ‘tsjok’ en in minske is ‘te swier’ of ‘mûtel’ of ‘te fleizich’. Wy wolle mei-inoar dat de bern Frysk leare en gjin Frollânsk, istn’t sa? Mar och, frou Peanstra lêst dit faaks net iens. Of dochs..?
Auck Peanstra
11 febrewaris 2012 21:08
Al, dus! En, jim ha folslein gelyk! Mar,Tomke is in jonkje fan dizze tiid en gjin taalleske…
Johannes
12 febrewaris 2012 13:47
Sa sizze alle Fryske minsken, dy ‘t sleau binne yn harren Frysk: It is fan dizze tiid. It is gjin taal leske! Linich Frysk. Oars is it âld Frysk. Jo moatte mei de tiid meigean. Bern prate oars Frysk.
Lútsen
13 febrewaris 2012 19:31
Mar frou Peanstra, wat is dan it doel fan Fryske berneboeken? In goed skreaun boek is yn himsels al in goede taalles. In boek yn it Frollânsk is gjin goede taalles. Wêrom soe in skriuwer net it wurk fan de skoalmaster stypje en fierder wreidzje troch de wei fan syn boek? Wêrom soe de skriuwer dat wat dosinten opbouwe ôfbrekke? Wêrom soe hy of hja harren ôffalle? Wat nut hat dat? Ik begryp jo wiffe, tsjinstridige hâlding net.
Daam
13 febrewaris 2012 20:10
Dus, it is Tomke syn skuld dat ûnder oaren op dizze side sok alderferskuorrendst min Frysk brûkt wurdt? Dat sil it mantsje oanstean.
Gratis advys fan Romke: sjoch gau op de side http://www.fryskprinteboek.nl en harkje nei de moaiste Fryske berneferskes lykas Marije Marije fan Reboelje en It paad werom fan Piter Wilkens.
En, leave berntsjes, jim kinne der ek alles fine foar in spreekbeurt oer taaldiskriminaasje en sa.
No, set him op, hear!
pyt
14 febrewaris 2012 08:43
Ik wol noch wol even sizze, dat ik dy Tomke in geweldich jonkje fyn. Fansels bliuwt der krityk, mar dat heart by de opfieding. Mar hy moat wol himsels bliuwe.
Johannes
14 febrewaris 2012 21:36
Fergees.