Twa soarten biobargen
snein 19 febrewaris 2012Troch Pieter den Hollander.
Útsein yn guon religieuze fermiddens, lykas it otterdokse Joadedom en de Islam, hat de bargefleiskonsumpsje in grutte flecht nommen. Oer it generaal is bargefleis folle goedkeaper as kofleis en fierders is it bargebeslach folle flugger út te wreidzjen.
Wat Europa oanbelanget binne Nederlân en Denemarken de grutste produsinten fan bargen en teffens de grutste eksporteurs fan bargefleis. Allinnich yn Nederlân al binne der 10 miljoen bargen: omtrint twatredde baarch op ien ynwenner. Ús konsumpsje bedraacht sa’n tredde baarch de man / frou yn it jier en meidat in baarch al nei likernôch in heal jier slachtryp is, moatte der in protte eksportearre wurde, itsij libbensliif, itsy slachte. Grutte ôfnimmers binne Dútslân en Frankryk, al spilet de Ingelske merke ek net swak by. Dêr moat Nederlân konkurrearje mei Denemarken, fan âlds in wichtich leveransier fan ûnder oaren bacon.
De Westeuropeeske merken binne, sa fier is it hinne, suver boppe sêd as it om bargefleis te rêden is, sadat eventuele produksje-útwreiding syn útlitklep fine moat yn Azië – Sina en Japan – Afrika en Súd-Amearika. Lykas ik earder al ris úttsjutten ha, giet wolfeartsferheging mank mei mear fraach nei fleis, dat wat dat oanbelanget sil der plak wêze en bliuwe foar it útwreidzjen fan de bargefleisproduksje. Lykwols, as we de situaasje yn Nederlân beskôgje, leit produksje-útwreiding net mear sa bot foar de hân. Ús bargehâlderij wurdt omrâne mei alle negative aspekten dy’t de tsjinstanners fan de bio-yndustry op it aljemint bringe. Mei ûnder ynfloed fan milieu- en biste-aktivisten is der in folle kritysker hâlding foar de bargeproduksje oer ûntstien. En no wurdt op tal fan wizen besocht peal en perk te setten oan de ûnbedimme útwreiding fan bargestâlen fanwegen alle aspekten op it mêd fan miljeu, dong en bistefreonlikens dy’t dêr mei anneks binne. Der is benammen de lêste jierren in protte gedoente west – lokaal, provinsjaal en nasjonaal – oer de megabûthuzen dêr’t grutte tallen bargen yn produsearre wurde en it is nei alle gedachten terjochte dat der in slot op set wurdt.

De saneamde biobaarch, dy’t as alternatyf propagearre wurdt, mei nuver genôch net út de bio-yndustry komme. De namme is frijwat betiizjend: in biobaarch wurdt fetweide yn lytse oantallen, yn in grutte ferbliuwsromte mei útrin. Dy frije biobaarch hat in folle hegere kostpriis en is dêrfandinne foar de konsumint winliken noch te begrutlik. Dy oare ‘biobaarch’, dy’t foardielich opfokt wurde kin, hat om reden fan de priis de foarkar.
Oare kear sil ik dizze rige oer fleis fuortsette mei in artikel oer plomfee en wyld.
Pieter den Hollander senior wie yn syn wurksume libben ûnder mear direkteur fan mingfoerprodusint Koudijs-Wouda, mei ûnder oaren in fabryk yn Snits.
Ek sjen:
- Nei in wrâld mei de helte minder soarten Hieltyd mear biste- en plantesoarten stean faai. Dat docht bliken...
- 1400 soarten nâlebewenners RALEIGH – Der binne sa’n 1400 organismen dy’t graach yn...
- Autisme yn twa soarten PERTH – Minsken dy’t autistysk binne, hawwe in stikmannich typyske...
- Boek oer twa soarten Nederlânsk LEUVEN – It Nederlânsk fan Nederlân is net hielendal gelyk...








