Ús Folksliet
tiisdei 21 febrewaris 2012
Gurbe Douwstra kin it sa moai sjonge: Frysk bloed dat brûst en siedt troch de ieren fan al dy minsken op de tribunes en by it alvetal yn it stadion dat nei Abe ferneamd is, ek al binne it net allegearre Friezen. Mar, hawar, it sette my wer oan it tinken oer ús folksliet. En no mei dat frjemde Noardlik Folksliet al hielendal.
Ús Folksliet:
Yn it earste kûplet begjint it al goed: Frysk bloed tsjoch op. Frysk bloed? En tsjoch op? Bliuw net stilstean? Nee, better fan net. En dan brûze en siede yn ús ieren? Liket my net sa ferstannich. Wy sjonge it bêste lân fan d’ierde? De Romeinske histoarikus Tacitus tocht dêr oars oer: ‘Frisia non cantat’ (Friezen sjonge net…). Lokkich witte wy wol better. Dy âlde Fryske eare en rom sprekt my wol oan en mei fan my ek fier yn it rûn klinke. Mar daverje? Komt wat driigjend oer.
It twadde kûplet liket der mear op. Al ha ik myn twifels by dy bân dy’t Friezen oan har lân ferbûn. It wurd seit it al: ferbûn. Wie dat sa? Is dat noch sa? Mar dochs klinkt hjir de leafde foar it heitelân yn troch. En dat is ek myn leafde.
Dat jildt ek foar it tredde en fjirde kûplet. Mar libbe(t) dy namme, dy taal, dy frije sin wol by elke Fries? En altyd rjocht, sljocht en trou? Ús wurd altyd wet? Is en wie dat wol sa? Mar dan: dy wjeraksel yn twang fan wa dan ek en dat fan bûgjen frjemd. Dat stiet my tige oan. En ek ik wol graach, dat wy in krêftich leat fan dy âlde stamme bliuwe. Want Fryslân en de Friezen binne my leaf.
Mar pas op: dat mei net ûntaardzje yn nasjonalisme. En yn dy falkûle falle jo samar.
Jim snappe it al, ik bin net sa wei fan ús Folksliet, al sjong ik it ynmoedich mei. Want ik bin in Fries fan dy âlde stamme. Mar, mei alle respekt foar Eeltsje Halbertsma, it is my wat te oerdreaun, te nasjonalistysk. Earder in striid- as in folksliet. Moai foar it stadion, mar fierder….?
No ha ik maklik praten fansels, mar is der dan in better, in moaier folksliet? Foar my wol: “It Heitelân” fan J.L. van der Burg. Net folslein faaks, mar it stiet neffens my wat tichter by de Fryske minske, it Fryske lân, kultuer en skiednis.
It Heitelân:
Fuortendaliks by it begjin al. Jo sjogge it foar jo lizzen, bedrige troch de wylde see, mar mei de dyk as in hoedzjende memme-earm, om dit bern út ús skiednis hinne: Fryslân. Dy noed en soarch dy’t dêr út sprekt. Mar ek fan de krêft fan it Fryske folk: dêr’t men eanget fan gjin weagen…..
Jo sjogge It Reaklif yn it twadde kûplet foar jo en wolle dêr wêze om yn ‘e jûntiidssinneskyn oer de Iselmar te stoareagjen. Jo hearre it lûd fan ‘e Aldehou, sadat ek Ljouwert as haadplak syn plak kriget. En dan dat knypeachje nei it ferline by dat bokweitblomke. En jins hert giet iepen by al dy blommen en dat glânzjende fee.
Hoe prachtich wurde Fryslâns geaen yn it tredde kûplet dellein tusken dy trije wetterstreamen yn. Hoe ynmoedich wurdt de grûn, dy‘t de soargen leannet, besongen. Dat lân dêr’t minsken noch altyd warber arbeidzje foar it deistich brea. Dan witte jo: hjir kin men frij en feilich wenje. Hjir is men thús!
En dan it slot. Ús skiednis yn fûgelflecht mei earbied foar al dy ieuwen dy’t ferflein binne yn ‘e tiid. Doe’t Friezen fûleindich wrakselen foar harren bestean tsjin frjemdfolk en de ivich driigjende see, mar ek wer dy hoedzjende earm, dy’t ús bewarret. En dan it ferset tsjin alles wat twang is dat ta utering komt yn dy âlde eed fan trou: ‘Aldfaars erf, wy weitsje oer dy.’
Fan bûgjen frjemd. Dy fêste, taaie bân, dy’t ús ferbûn en bynt oan’t heitelân……In folksliet: It lân, de see, de minsken, harren libjen, stribjen en wrakseljen, harren bestean en soarch, de lânsdouwe, de taal, de sang, de skiednis, it thús fielen, it (folks)eigene, de memme-earm, Fryslân en de Friezen. “It Heitelân”! Us Heitelân!
Auke Veenstra
Ek sjen:
- Folksliet Kanada bliuwt It Kanadeeske regear hat freed syn foarstel om in strofe...
- Wat fine jo fan it Noardlik folksliet fan VNO NCW? VNO NCW hat in skoftke lyn yn in gearkomste in...
- Ald Frysk en nij Frysk It Frysk folksliet....
- Eastenryk is ek foar famkes Land der Berge, Land am Strome, Land der Äcker, Land...









T. Brûnsma
21 febrewaris 2012 17:53
Ik gean leaver net yn op dit artikel… Yn it foarste plak omdat ik it HIELENDAL net iens bin mei de skriuwer, mar om de folgjende reden.
In lytse wike is VNO-NCW kaam mei in Noardlik folksliet. Dêr hawwe stikmannich minsken op reagearre. De oarspronklike diskusje is oerwaaid en dêr is in nije diskusje foar yn it plak kaam.
Hoe tefreden binne de Friezen mei it hjoeddeistige Fryske folksliet?
Minsken!! Wêr binne wy mei dwaande??! Wy hawwe de pylken op inoar rjochte en net it grutter gefaar dat VNO-NCW hjit!
Geeske Krol hat it yn in reaksje by it oarspronlike artikel al witte litten; stikje by bytsje besykje machten bûten Fryslân de posysje fan Fryslân te ûnderwrotten. Wy moatte hjir wach foar wêze!
Dus: alsjeblyft; hâld op mei de diskusje oer ús hjoeddeistige folksliet. Wês grutsk op it folksliet en benammen op it feit dat (omtrint) eltse Fries him mei fjoer en faasje meisjonge kin. It is ien fan de pear dingen dy’t ús Friezen noch ferbynt.
Auke Veenstra
21 febrewaris 2012 19:31
Brúnsma, jo ha gelykwat VNO-NCW oanbelanget. Mar dêr ha ik ek yn feite it selde oer sein yn in reaksje by It Noardlik Folksliet.
As jo goed lêzen ha, sjoch ik ek hiel moaie dingen yn it Frysk Folksliet, mar dy fyn ik ek werom yn It Heitelân. En dat kin hast elke Fries ek meisjonge. En leau my, ek It Heilân is ien fan ‘e dingen dy’t ús Friezen noch ferbynt, lykas folle en folle mear Frieske sangen, gedichten en ferhalen. En dêr bin ik ek (mear as) grutsk op. Mar ik fyn dat It Heitelân, lykas ik al skreaun ha, tichter bij Fryslân, it Fryske folk, it Frysk folkseigene (kultuer en skiednis) stean as it Frysk Folksliet. Dat jo it Frysk Folksliet leaver ha, is fansels jo goed rjocht en witte jo, ik beryp dat ek wol…. mar ja, minsken sjogge wolris oars tsjin de dingen oan.
En, echt, ik rjochtsje gjin pylk op oare Friezen, mar ha allinnich mar myn miening jûn oer in liet. Dat hat dan ek neat út te stean mei wat VNO-NCW wol. Dêr ha ik gjin boadskip oan en as dy klup wat wol, wat wij net wolle, binne ús polityke partijen (de ien wat mear as de oare) bêst bysteat om har werom te fluitsjen. En dan sil ik oan har side stean! En as it nedich is, gean wy dochs gewoan de barrikaden op!!
Auke Veenstra
21 febrewaris 2012 19:33
Oe, Heilan= fansels Heitelân yn dit gefal…..
Ferjo
21 febrewaris 2012 19:53
Ik fyn it mar raar dat wy net nasjonalistysk wêze meie en elk in oar wol. Wat is der no mis mei in bytsje eigenheid.
Nasjonalistysk wol net sizze dat je gjin respekt foar in oar hawwe kinne.
En wat sizze je fan de Nederlanners dy sizze dat Fryslân (net bestiet) en gewoan Nederlân is. Wat mei dat wol betsjutte? wy moatte us mar skikke nei in oar, getuget dit fan respekt, kin je dêr mei frij libje.
Auke Veenstra
21 febrewaris 2012 21:12
Oan Ferjo.
Spitich dat jo allinnich dit punt der út helje. It gie my om it folksliet en wat dat ynhâlde kin oangeande taal, skiednis, minsken, kultuer. Mar hawar, ik wol der dochs wol wat fan sizze.
Nasjonalistyks hat wat negatyfs yn myn eagen. Foar myn gefoel hat nasjonalistysk wat yn him fan: sa goed binne wy, wy binne de bêste(n), der is neat better as wy, neat better as Fryslân, Fryslân boppe en…, de oaren binne minder). En de skiednis hat leard dat men der foarsichtich mei wêze moat.
Ik praat dan ek leaver oer folkseigene,of lykas jo oer eigenheid. As wy dan itselde bedoele, binne wy it iens, al sil ik yn dat ferbân it wurd nasjonalistysk nea brûke. Tefolle minne neitinze……
As it dan giet om prestaasjes, op wat foar gebiet dan ek mar, dy’t Friezen leverje of om reklame foar ús provinsje, dan ha ik ek neat op it wurd sjauvinisme tsjin. Jo meie bêst jo goede dingen (oan)priizgje.
Nederlanners dy miene dat Fryslân net bestiet, binne net wiis en kenne har eigen skiednis net iens. De muoite net iens wurdich om dêr mei yn petear te gean oer Fryslân. Bied hr maar in kursus Frysk, Fryske skiednis, Fryske kultuer, ensfh. oan.
As hja dat befetsje kinne alteast….
Mar hokfoar liet fine jo no moai? Of it moaier?
Ferjo
21 febrewaris 2012 22:18
oan Auke,
Ik kin der wol mear fan sizze mar ik ha der no wat út pikt.
Yndie ik begryp ek wol dat minsken in wurd oars útlizze kinne.
Ik befetsje in protte
Ik tink dat ik my foar in grut part wol by jo miening oanslute kin, at ik jo reaksje goed begryp.
En neffens my bin de beide lieten moai. Mar it folksliet sa’t it no is is my bêst genoch… net alles hoecht feroare te wurden om mei de tiid mei te gean. Wat is sil wêze.
Daam
21 febrewaris 2012 22:23
Iknoar det fleters. Efferybodder meeks flaters. Doont kryt.
Lútsen
22 febrewaris 2012 08:51
Net sa dreech stinne, minsken! Er gaat niets boven Groningen, dat mei wol, en Fryslân boppe net? Is dat ynienen gefaarlik nasjonalistysk? Elk hat wol yn ‘e gaten dat dat net sa miend wurdt. It bombastyske fan de tekst fan ús folksliet, dêr moatte wy om laitsje. It stammet út in tiid doe’t grutsk wêze op jins lân en kultuer hie gewoan wie. De melody is lykwols prachtich, hearlik heroysk. Mar ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’ fyn ik ek in hiel gaadlik alternatyf. Wêrom soene wy it net beide sjonge op offisjele gelegenheden, fan elk in kûplet?
T. Brûnsma
22 febrewaris 2012 09:19
Dúdlike taal:
Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d’ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
Dy’t Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Fan bûgjen frjemd, bleau by ‘t âld folk yn eare,
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders great!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Njirre
22 febrewaris 2012 09:39
“De dei fan gloarje is kommen” sjonge de Frânsen, de Hollânners sjonge oer harren Dútske bloed. Ach, dêrom meie de Friezen ek wol in bytsje kriichshaftich sjonge, dat heart no ienris by de measte folkslieten. Ik fyn sels it Heitelân wol moai, mar mear gaadlik foar in mankelike stimming. Sa’n folksliet hat ek wol in boadskip fan “wy binne aardige minsken, mar tink d’er om, rin net oer ús hinne”.
Ferjo
22 febrewaris 2012 10:52
yndie Njirre, mear romte en frijheid om te dwaan foar alle noardelingen, foar friezen yn Nederlân en ek yn Dútslân.
Auke Veenstra
22 febrewaris 2012 11:16
Oan PROVO.
Oei, wurdt it dan in boargeroarloch. Of moat ik no sizze boargerkriich? Fuortendaliks net sa raar. Ik sjong it Fryske Folksliet ek mei, hear en ik fyn der ek mooie dingen yn. Mar mei brânbommen klear stean? Ien rie: smyt der net mei. Kin deaden kostje.
Oan NJIRRE:
Mei jo kin ik it aardich lyk fine. Allinnich seit my dat kriichshaftige sa’n bytsje yndizze nijmoaderige tiid: de slag by Warns ha wy wûn en dêr is it by bleaun. Der binne oare manieren om ús provinsje, taal, kultuer, skiednis en….minsken te stypjen. Fierder sizze jo en jo ha gelyk: Sa’n folksliet hat ek wol in boadskip fan “wy binne aardige minsken, mar tink d’er om, rin net oer ús hinne.
Krekt en dat fine jo yn it Heitelân ek wer werom.
En dat is ek dúdlike taal, is ‘t net sa?
Oan LUTSEN:
Jo skriuwe: Mar ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’ fyn ik ek in hiel gaadlik alternatyf. Wêrom soene wy it net beide sjonge op offisjele gelegenheden, fan elk in kûplet?
Dat is faaks net sa’n gekke gedachte. En dan mei it wol mear as ien kûplet wêze.
Ik ha in útstel:
Begjinne mei it Folksliet om yn ‘e stimming te kommen en om ússels op te waarmjen. En ôfslute mei It Heitelân. Dat is wat rêstiger en dus feilger as wy nei hûs ta gean.
Johannes "Wim" Kuiper
22 febrewaris 2012 20:09
Ik kan niet in ‘t Friesk schrijven . Ben in 1943 in It Haerenfeen geboren en woon al 50 jr in the VS…Waar kan ik naar US FOLKSLIET luisteren….Het is het mooiste folksliet van d’ierde!!Ik kan het nog wel zingen!!!!!!!!
mbc84
22 febrewaris 2012 22:25
Johannes, ik hoopje datsto faker dizze webside besikest, kinst wer lekker Frysk lêze!
Hjir is de link:
pyt
23 febrewaris 2012 22:32
Goeie Johannes,
Miskien hast wat oan myn Snelcursus Fries schrijven
op http://www.allezhop.de/frysk/ (links op skerm)
Pyt
Klaas Aaldert van der Veen
26 febrewaris 2012 18:37
Yn it Wilhelmus stiet sels de sin “de koning van Hispanje heb ik altijd geerd”, As men neigiet dat we toen dik yn oarlog mei Spanje wienen , kin je dat as net patriotisch opfetsje, om it op syn Amerikaansk ut te drukken. It Wilhelmus is dan ek yn earste ynstânsje net bedoeld as in folksliet mar mear as in ynstjoert stik yn de krante. Der sit wol mear yn it Wilhelmus wat tsjintwurdig dubieus is : “…ben ik van Duitsenbloed..” dêr woe Willem allinnig mar mei sizze dat er ut Dutslân kaam yn foar dy tiid deftige wurden. Sa sjoch je mar dat je in folksliet net beoardielje moatte mei moderne noarmen.
Baaike
5 maart 2012 10:26
heb met plezier alle bovenstaande berichten gelezen.Ik schrijf in het nederlands omdat ik nooit goed frysk schrijven heb geleerd .Het is goed als er zo over ons folkslied word gepraat en geschreven ,dat betekend dat het nog heel erg leefd onder de friezen.ik vind het heitelân ook een heel mooi lied.
Ik woon al sinds 1975 niet meer in friesland,ben wel binnen onze landsgrensen gebleven.bezoek elke winter de avonden van de fryske krite,die worden begonnen met het zingen van het frysk folkslied,elke keer doet mij dat nog steeds wat.Ja mijn man en ik wij blijven van ganser harte echte friezen.
Dus houden dat mooie lied en zing ook maar heel vaak het Heitelân.