Wiebe Wieling ropt rayonhaden byelkoar

snein 5 febrewaris 2012

De foarsitter fan de feriening De Friesche Elf Steden/De Fryske Alve Stêden hat yn in gearkomste fan ‘e middei befêstige dat de rayonhaden gearkomme. Neffens Wieling makket de oanhâldende winter it needsaaklik dat der in gearkomste holden wurdt. De kâns op in alvestêdetocht docht him ienris yn de fyftjin jier foar. No’t der noch altyd gjin sicht op teiwaar is en de froast fan gjin wiken wit, wolle wy de mooglikheden fierder ûndersykje, sa seit er.

In grut part fan it alvestêdetrajekt is op dit stuit tichtferzen. Dochs binne der noch aardich wat minne plakken. Lykas altyd binne de punten dêr’t it twingt Snits en Harns. De snie moat fan it iis ôffage wurde. Op guon plakken is dat noch net mooglik.

Ek sjen:

  1. Keunstwurk ropt op ta protest It regear is fan doel en besunigje 220 miljoen op keunst en...
  2. De Kast wer byelkoar De leden fan de popgroep De Kast hawwe elkoar weromfûn....
  3. Nederlanner net oan it mûlekapke De measte Nederlanners nimme gjin bysûndere maatregels om besmetting mei...
  4. Algemiene gearkomste fan de KNKB De algemiene gearkomste fan de KNKB hat besletten om it...
  5. Diken op plakken sjippeglêd It KNMI warskôget tongersdeitemoarn foar ferriedlike glêdens. Hoewol’t de temperatuer...

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic