De FNP docht neat foar it Frysk

moandei 19 maart 2012

(dizze mail siet by dizze kollum)

Achte minsken fan It Nijs. Jimme sille fêst bannen hawwe mei de FNP en dêrom ferwachtsje ik net dat jimme dizze kollum pleatse. Mar ik besykje it wol.

DE FNP DOCHT NEAT FOAR IT FRYSK

Woansdei 2 maart wiene der Provinsjale Steateferkiezings. De FNP ferlear neffens de foarige ferkiezing ien sit en kaam út op fiif. Dochs doarde de FNP it oan en nim sit yn it kolleezje. Johannes Kramer, de perfekte skoansoan, mei him dwaande hâlde mei iepenbier ferfier, lanlik gebiet, ensfh. Eltsenien dy’t fan de Fryske taal hâldt, tocht dat der in nije, frisse wyn blaze soe. Mar sûnt in jier is it blakstil. De FNP sit yn it kolleezje, mar der feroaret hielendal neat mear oan de status en posysje fan it Frysk. It buorket allinnich mar efterút. It liket wol as wol de FNP him net mear baarne oan it Frysk. Hja binne bang dat tsjinstanners fan it Frysk it harren ferwite sille, dat se te Frysk binne. In FNP’er hat de leie yn hannen en dat mei perfoarst net mislearje, dat dêrom oppenearret de FNP him net mear yn de Steaten fan Fryslân. Njonken dat is de steatefraksje o sa nuet. Fansels wurde der fragen steld, mar it binne net fragen dy’t nei de lever tingje, dy’t nei wiere ferbettering tawurkje. De FNP hat ferline wike noch in fraach steld oangeande it foarnimmen om de stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins op te heffen. Foarst wie dy fraach fierstente let steld en twad hie er neat om ‘e hakken. As dat de fragen binne dy’t de FNP stelt, dan betsjut dat dat it Frysk neat mear te ferwachtsjen hat fan de FNP. Dan hâldt dat yn, dat it allegear symboalpolityk is.

Op gemeentlik mêd is der ek gjin ferweech. De gemeenterieden binne twa jier ferlyn keazen. Yn guon gemeenten hat de FNP in soad riedsleden, fan wa’t guonnen sels yn it kolleezje sitte. Mar yn de ôfrûne twa jier is der neat nijs oan belied betocht om it Frysk in better plak ûnder de sinne te jaan. Yn ien gemeente is der wat ferbettere; dat is Gaasterlân-Sleat. Dêr is in taalbeliednotysje opsteld. It moat fansels noch wol útfierd wurde, mar der wurdt teminsten wat op prikken set. Yn Gaasterlân-Sleat hat de FNP it heft yn hannen en dat hawwe se mar moai dien. Mar bliuwt it dêr by? Der wurdt in konferinsje organisearre, in EFA-moeting. Sybren Posthumus is der tige mei te set; hy twitteret der alle dagen oer. Mar neffens my sitte de gewoane Friezen net te wachtsjen op sa’n konferinsje.

It hat der in protte fan wei, dat de FNP net mear krewearje wol foar de Fryske taal. Oare partijen lykas de PvdA, it CDA, de PVV en de Christenunie binne hjoed-de-dei like Frysksinnich as de FNP. Fansels is dat te tankjen oan de eardere FNP-striders. Mar datsoarte bodders yn de taalstriid binne no net mear de finen by de FNP. De FNP-bestjoerders hingje tefolle oan de macht en doare fangefolgen neat te dwaan oan de wiere tûkelteammen, dêr’t de Fryske taal mei oantangele sit. It is wachtsjen oant der in man/frou by in oare partij oerein giet dy’t it Frysk ta in spearpunt makket. Dan sil de FNP belúnje ta in râneferskynsel.

  • De FNP moat no it roer omgoaie. De FNP moat ynmoed wurk meitsje fan it Fryske taalbelied. Wês finingryk en kreatyf. Sjoch nei it bûtenlân, hoe’t hja it dogge. Benuttigje de konferinsje en sit net as in pau jim eigen fearren te bewûnderjen.
  • Meitsje fan de FNP in lanlike partij. Besykje it lûd fan de FNP trochbeare te litten yn De Haach. Ien of twa sitten is genôch. Sjoch nei de Partij voor de Dieren.

As de FNP de slach net makket, dan ried ik alle FNP-ers oan: doek it spul op en slút jimme oan by de oare partijen yn Fryslân. Besykje ynfloed te krijen en de partijen fan binnenút fierder te ferfryskjen.

Klaas de Jongh

19 reaksjes op “De FNP docht neat foar it Frysk”


  1. wirbel
    19 maart 2012 23:32

    De PVV hat fragen yn de Steaten steld wêrom de webside fân de provinsje ientalich Nederlânsk is; dêr ha ik de FNP nea oer heard. Tsjinwurdich ferwachtsje wy aksje, net mar wat sitten fulle. Sa soe der folle mear op ynternet barre kinne, sa as in translate funksje foar Google ek foar it Frysk. En in .frl domein soe ek moai wêze, wer’t google.frl mear funksjes hat as de fryske ferzje van de Nederlânske Google no. Bedriuwen moate eins ek folle mear mei it Frysk dwaan en it underwiis kin stikken better. En natuerlik is de grutste bedreiging it oantal Nederlânsktaligen.


  2. Liwadder
    20 maart 2012 08:50

    Klaas hat in punt, men heart net folle Frysksinnigs fan de FNP.
    Miskien past dat by de gemiddelde Fries, en is it in bewuste kar?

    Mannen / Froulju FNP’ers, reagearje svp op dit stik, want ik bin wol benijd wat jim dogge foar ús!


  3. Pieter Dokkum
    20 maart 2012 09:23

    Tiid foar in nije partij, in partij foar Grut-Fryslân.


  4. Rob
    20 maart 2012 10:26

    Grut Fryslân? Doch ris gewoan. As Fryslân noch grutter makke wurde soe soe der hielendal gjin gjin Frysk mer sprutsen wurde. En elkenien hat it hjir wol oer mer foech foar it Frysk, mar de politike party De Friezen hiene gjin setel wûn by de provinsjale ferkiezings. Dus net eamelje, doch der wat oan! Ofjouwe op in oar meist allinich as sels in goed foarbield joust.


  5. Kerst Huisman
    20 maart 2012 10:38

    Geweltleas ferset

    Al sa faak haw ik der yn Warns, yn de FNP en ek op oare plakken foar pleite: wy moatte de metoaden fan it geweltleas ferset oannimme en brûke. Ik haw dêr oant no ta net folle súkses mei hân. Ik kin dat ek wol wat begripe. It ferget nochal in omslach yn it tinken, mar it is de muoite wurdich. Foar geweltleas ferset sjoch ûnder google mei de sykwurden: nonviolent action database. It giet om de metoaden en strategy dy’t no al fyftich jier lyn Berend Joukes Fridsma ek de FNP oanrieden hat. It sa tichteby ús steande Wales, mei syn Plaid Cymru en syn Welsh Language Society, hawwe yn de jierren sechstich en dêrnei dizze wei ynslein, en mei súkses. Wales wurdt troch Fryske taalstriders altiten as in foarbyld oanhelle. Spitigernôch giet it dan meast allinnich om sjen te litten, wat dêr allegearre mooglik is, miskien allinnich om hjir bestjoerders in spegel foar te hâlden. Mar fierstentemin wurdt ek omtinken jûn oan de wize, hoe’t se dêr al dy dingen berikt en wûn hawwe. Want se hawe har ynspirearje litten troch Gandhi, Martin Luther King, en Gene Sharp, en net allinnich mei wurden, mar ek mei dieden. Wy kinne it noch altiten winne, mar dan moatte alle foarstanners fan it Frysk der ek foar gean! It is no de tiid! Wannear? Wêrom net no? En wa? Wêrom net ik, wêrom net wy?


  6. Abe
    20 maart 2012 13:30

    Prima stik fan De Jongh. Ik sjoch 2018 as in kâns – miskien wol de lêste – om it tij te kearen. Oermoedich, jawis. Mar neat dwaan is ek gjin opsje.

    Mar it moat net komme út sa’n definsive hâlding wei. Ja, wy ha in protte te kleien. Dat witte wy no wol. Besykje wat mear optimisme yn de petearen oer it Frysk te krijen. Minder geef en minder djip-Frysk is ek bêst!

    En allinnich sa kin der in bredere basis komme foar in better taalbelied. Tink ik.


  7. T. Brûnsma
    20 maart 2012 19:31

    Ek in komplimint foar It Nijs.nl foar it dochs publisearjen.
    Transparant en elk mei him/har miening sizze!


  8. Willem Schoorstra
    20 maart 2012 21:07

    Rob: Neffens my wurdt mei Grut-Fryslân doeld op in gearwurking mei East- en Noardfryslân. Dan ha wy it fral oer in politike en ekonomise gearwurking. Do fersmellest de saak ta allinne in taalkwestje, en dat neam ik no eameljen.


  9. Rob
    21 maart 2012 10:56

    Willem: de stelling wie dat de FNP neat foar it Frysk docht. Dus dêr reägearje ik op. En gearwurking mei East- en Noard-Fryslân is fansels neat op tsjin, mar ús ekonomyske belangen lizze dochs noch altyd mer by de rest fan Nederlân. Dan kinst net ûntkenne.


  10. HA HA
    21 maart 2012 14:15

    Der reagearje hast gjin FNP ‘ers. Is it Frysk te dreech?


  11. Sjoerd Groenhof
    21 maart 2012 18:09

    ‘BEVOEGDHEID TAALONDERWIJS NAAR FRYSLAN!

    Gepubliceerd in LC op 20 maart 2012, 16:39

    LEEUWARDEN – De jongerenafdeling van de FNP vindt dat de bevoegdheid voor het Friese taalonderwijs in zijn geheel naar de provincie moet. Ze hopen hiervoor op steun uit Europa.

    Hun wens leggen ze deze week dan ook voor op de EFA-conferentie, die in Leeuwarden plaatsvindt en waar alle Europese regionale minderheden bij elkaar komen. Ook hopen de ‘jongerein’ voor elkaar te krijgen dat het Fries als nationaliteit op officiële documenten mag.

    It fuortsterkje fan it selbewustwêzen fan de Friezen is moreel ek te rjochtfeardigjen omdat de âldste spoaren fan de Frisian populaasje (proto –Frisians) yn de legelânen 2500 jier tebek giet. Dat makket de Friezen ien fan de âldste “noch hieltyd libbene en fuortbesteane” folk yn Europa,  wat mei it each op de tanimmende mobiliteit fan ús maatskippij al in lyts wûnder hite mocht.


  12. Willem Schoorstra
    21 maart 2012 18:38

    Rob: Miskien datst twa dingen yn de miks dochst, want ik lês dochs echt datsto Pieter syn foarstel fuortsmytst. Boppedat heakkest der noch ien oan ta mei te sizzen dat ús ekonomise belangen mear by Nederlân lizze as by de rest fan de wrâld. It soe de baas wêze en lês it ferneamde rapport Top of Holland. Prate wy dan fierder.


  13. Cees
    21 maart 2012 21:22

    Wy ha al in jier as tsien dualisme. Riedsleden sitte net yn it kolleezje.


  14. E-F
    21 maart 2012 21:36

    Ja ik wenje net yn fryslan (ik wol wer werom ea yn e takomst mar dat sil de tiid my wol leren) mar it kin my ek net dudelik wurde werom dat er gjin fries-nasjonale party is…. FNP is hat allinnich de namme mar docht er ek gjin barst foar.


  15. Pietsje
    26 maart 2012 09:54

    Ik ha ek wolris FNP stimt mei ferkiezings. Mar doet ik der efter kaam dat sy stil sieten mei it each op ús Fryske taal te promoten bin ik dêr fan ôf stapt. Spitich fansels dat sa’n partij net foar ús moaie taal yn it spier komt.


  16. jan hettinga
    28 maart 2012 11:57

    Hjir wurdt ik no wat broed fan. Elkoar oanfiterje is poerbêst, mar dy negative rabberij fan ‘de FNP docht neat’ is wer sa’n útering fan ûnderlinge fryske ôfbrekkerij. Krityk is goed en miskien ek foar in part wol terjochte. Mar hoest it ek besjochst de FNP hat wol foar in hiel stik promoasje soarge foar it Frysk. Yn myn eigen gemeente Skarsterlân waard mei in foar 98% frysktalige promoasje 34% fan de stimmen helle. No is it saak om dat goed te fersulverjen, dat is minder maklik as ôfkreakje en sizze dat se neat dogge. Foar de provinsje jildt itselde. Wa hat no krekt de oplossing om in grutter part fan de ynwenners fan Fryslân mear fryskbewust te meitsjen en mei te striden foar mear autonomy??


  17. Johannes
    31 maart 2012 23:43

    De minsken warber meitsje foar it Frysk, dat it moade is om harren memmetaal te praten en te skriuwen. Lit de bern twitterje yn tw-Frysk. Op Feesboek eamelje yn harren taal yn ús heitelân. Frysk makket my in oar minske. Ik it tsjinakseljen fan in Hollanner makket my oan it laitsjen. Der binne domme minsken en der binne Hollanners, dy witte net better, dy hawwe neat leard oer oaren. Se hawwe al hûnderten jierren tsjin it Frysk west. Frysk libbet noch altiten en bytsje by bytsje wreidet it út. De FNP docht dat yn ‘e polityk en stadichoan slagje se der yn om mear stimmers te lûken. In kritysk stikje hjirre oer de FNP is allinnich mar better. Hoe se der oer rabje makket net út, as der mar petearen binne wer ‘t de FNP neamd wurde. dat sil altiten wat opsmite.


  18. Sytze Burgsma
    8 april 2012 00:35

    kom op mei dy nije party, no kin it noch om Fryslan en it frysk (mei alle fryske talen ) te redden


  19. Klaas Aaldert van der Veen
    21 april 2012 17:45

    At je fan miening binne dat de FNP neat foar it Frysk docht wurd it heech tiid om lid te wurden, want de FNP hat no mar 1300 leden, mei dat oantal kinne je bûten -parlementair sa at hear Huisman wol ek net folle.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes