It West-Frysk ferdwynt

freed 16 maart 2012

Egmond

MÜNSTER – De dialekten fan West-Fryslân binne faai. Dat konkludearret Sven Kohnen, studint Nederlânsk oan de universiteit fan Münster. Hy hat syn einskripsje skreaun oer de dialekten fan de Noard-Hollânske regio en fan it dialekt fan Egmond yn it bysûnder.

Foar syn ûndersyk hat Kohnen trije generaasjes dialektsprekkers hifke op harren behearsking fan it ‘Derpers’, sa’t dy fan Egmond harren dialekt neame. De jongste sprekkers kinne in soad dialektwurden net mear en brûke it dialekt ek net faak mear, sa hat Kohnen ûntdutsen. It probleem spilet ek yn oare Hollânske doarpen.

West-Fryslân wie yn ‘e midsieuwen noch Frysktalich. De dialekten fan Egmond en omkriten steane yn guon opsichten noch tichter by it Frysk as by it Nederlânsk. Se hawwe bygelyks it ferskynsel ‘ûntrûning’. Dat wol sizze dat lûden dy’t eartiids makke waarden mei rûne lippen, no makke wurde mei strakke lippen. De oo en de eu binne dêrtroch feroare yn ee, e of i. De dialektnamme ‘Derpers’ betsjut ‘doarpsk’. Lykas yn it Fryske ‘terp’ is it lûd yn it earste wurdlid in e wurden.

Kohnen jout moarn (sneon 17 maart) in lêzing oer syn ûndersyk op de ‘Noord-Hollandse dialectenmiddag’ yn Egmond. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Sven Kohnen

9 reaksjes op “It West-Frysk ferdwynt”


  1. me
    17 maart 2012 00:15

    It Nijs liket wol wat yn ‘e hobbel. Under alle artikels stiet dat der “no related posts” binne. Fierders kin men net mear op âldere artikels reagearje en stiet de blauwe balke (Nijskategoryen, Dizze side, Nijsgjirrige keppelings) troch de “Lêste reaksjes” hinne. Of bin ik de ienige mei dzze problemen?


  2. mbc84
    17 maart 2012 08:05

    By dit berjocht haw ik ek ‘no related posts’, mar dat wie my noch net earder opfallen. Dat mei dy blauwe balke ergerje my ek al in skoft oan, wie oars nea sa…


  3. Cees
    17 maart 2012 11:40

    By my stiet de blauwe balke troch de reklame hinne. It liket my in programmearflater ta.


  4. Redaksje
    18 maart 2012 17:04

    Tige tank foar de opmerkings. Der is in update west fan de server en dat is net hielendal goed gien. De mail mei opmerkings is de doar út. Yn de rin fan de wike sil it oplost wêze.


  5. Johannes
    18 maart 2012 18:15

    Redaksje, Wat is dat foar mâl Frysk; “update”, it is feroaring, ferbetterje. “mail” is in eamel en “server” is in haadkompjuter. Hjir begjint it ek al linich Frysk te wurden. Graach der in bytsje oan tinke!


  6. Daam
    18 maart 2012 18:35

    Redaksje: It is ‘has been’ en net ‘is been’.


  7. Njirre
    18 maart 2012 19:51

    Wêrom hat men foar dat Hollânske dialekt nea in hegere status oanfrege? Yn’e mande mei it Stedfrysk wie dat fêst wol slagge, ûnder de sammelnamme “Friese pidgintalen”. It wurd wol in bytsje mankelyk, as ik hear dat dat dialekt ferdwynt.


  8. mbc84
    19 maart 2012 09:52

    Johannes, do moatst net sa jammerje dat wurden as update, mail en server brûkt wurde. Lês ris wat mear oer hoe’t en wêrom’t lienwurden der binne en nea en te ninter ferfongen wurde sille troch dyn ‘feroaring’ (is folslein wat oars as update) ‘eamel’ (dat is ien dy’t jammeret) en ‘haadkompjûter’… Geef Frysk bin ik folslein foarstanner foar, mar lienwurden (en benammen troch de YKT (=ICT)) binne no ien ris Ingelsk. In soad eigen betochte begripen wurde net begrypt!!


  9. Eric Hoekstra
    19 maart 2012 17:02

    It dialekt fan Egmond is net representatyf foar de dialekten fan Westfryslân. It Egmonds wurdt ta it saneamde “Strandhollands” rekkene, en dat is taalkundich frijwat oars as de Westfryske dialekten. De dialekten fan it Westfrysk lizze binnen de âlde “Westfriese Omringdijk”, en dy binne nau besibbe oan ús Frysk. Westfryslân wurdt oars ek ta ien fan de sân Fryske seelannen rekkene. Sykje yn ‘e Hollânske wikipedia mar op “zeven friese zeelanden” en op “Westfriese Omringdijk”.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes