“De measte” of “de measten”?
tongersdei 19 april 2012Okkerdeis krige ik in taalfraach yn oer it skriuwen fan de –N. In man frege my: Is it no de measte of de measten? Deselde fraach kin oars ek steld wurde foar beide of beiden, inkelde of inkelden, en lyksoartige wurden. Hy hie ek in konkreet gefal, en in suggestje foar in oersetting.
Earst oer it Hollânsk. De Hollânske taalregels foar it skriuwen fan dy N binne net 100% dúdlik. Jilde dy regels bygelyks ek foar verscheidene? Dat soe al sa wêze moatte, mar wa’t op ynternet sjocht, sil sjen dat verscheidenen mei N komselden brûkt wurdt. En der is ek in protte diskusje oer it skriuwen fan beide / beiden, verschillende / verschillenden, en sa mear.
De taaladvystsjinst fan “Onze Taal” hat it ûnderwerp ek besprutsen, al kaam by har it gefal meeste / meesten net op it aljemint.
Yn beskate gefallen sprekke de Hollânske taallearden inoar tsjin, sa’t Jan Popkema sjen litten hat yn in artikeltsje yn de Pompeblêdden: Popkema, J. (1979) “Ienigen woene dit, inkelen dat en sommigen wer wat oars.” De Pompeblêdden 50, 212-216 and 234-235.
Yn it Frysk is de sitewaasje better as yn it Hollânsk. De measte Hollanners sprekke de skreaune N net út, en witte dêrom net oft se dy N al as net skriuwe moatte. De Friezen sprekke de skreaune N hast altyd út en kinne dêrom op har earen en taalyntuïsje te seil gean.
Jim Fryske earen fertelle jim oft jim de N skriuwe moatte. Ik jou twa foarbylden.
Frysk: boekeN – boekEkast
(Hollânsk: boekeN – boekeNkast, mar de skreaun N wurdt meast net útsprutsen!)
Frysk: hy wol winnE – om te winneN
(Hollânsk: hij wil winneN – om te winneN, mar de skreaune N wurdt meast net útsprutsen!)
Ik fyn yn it skreaune Frysk foarbylden, lykas hjirûnder:
- Der binne wol hondert botanyske soarten fan roazen. Kweekte foarmen en krusings mear as tûzen, mar hieltiten komme der mear. De measten binne dûbeld of fol d.w.s. der binne in soad moalstêfkes yn kroanbledden foroare.
- Yn de ûnderwâllen rankje, de geile, wearheakkige toarnbei-pôllen, Jehannes hat net sa fier mis west. Wol komme der sa hjir en dêr al reade twisken, mar de measten binne noch grien.
Oan dit foarbyld falt ek wat oars op: der stiet gjin derfan by. Der stiet net de measten dêrfan. It boerderij-sintsje oan it begjin fan dit stikje soe ik dan ek sa oersette wolle:
Dat is in lang ferhaal mar ik kin it koart gearfetsje: de N wurdt skreaun yn it Frysk as er útsprutsen wurdt, en oars wurdt er net skreaun. Foar it skriuwen fan de N kinne jo yn it Frysk hast altyd op ‘e útspraak te seil gean.
Eric Hoekstra, Fryske Akademy
5 reaksjes op ““De measte” of “de measten”?”
-
Pyt
27 april 2012 08:58Krekt om 8.45 op Zeppelin (Nederlân 3)
“Als je je paspoort op tijd wilt hebben, moet je HEM nu afhalen.”!! -
Martsje de Jong
27 april 2012 13:22Ik soe it efkes simpeler stelle wurde:
De measte (sûnder n) brûke wy as der in saakwurd efteroan komt. De measten brûke wy as wy it saakwurd weilitte, om ‘t wol dúdlik is wat bedoeld wurdt. Sûnder saakwurd bestiet ek noch in measte sûnder n, mar dan komt der ‘it’ foar.
Bygelyks: “Der is in knoarre rein fallen hjoed, mar it measte noch wol yn Bitgum”. -
Diûwerd
27 april 2012 23:49Miende ik no dochs dat it ferskil site yn of it gift om minsken of dingen?
Us wurdt mar al te faak eangst oanpraten, mar de measten hawwe fertrouwen yn in oar.
Wylgen hâlde fan in protte wetter, de measte stean dan ek yn de wâlskanten. -
toerist
28 april 2012 15:09Steane der ‘boerderijen’ yn Fryslân?
-
Wiebe
30 april 2012 19:46No, wy prate net fan “boerderijen” mar fan “boerepleatsen” !










Fiskers sûgje seeën leech (1)
Tanimmende ûnfrede oer staveringswiziging (29)
Provinsjale Steaten wizigje Fryske stavering (18)
“Frysk en Fryslân, Skiednis of Takomst” (3)
Mayatimpel wei wurden (1)
Fryske befolking wol oerheidsstipe foar taal (5)
Planetejager liket útpoept (1)
Kleanstikken fûn by sykaksje Ruben en Julian (1)